Vasco da Gama

Ut Wikipedy
Vasco da Gama

Vasco da Gama, (Sines (Portegal), 1469Cohin (Yndia), 24 desimber 1524) wie in Portegeeske ûntdekkingsreizger, en de lieder fan de earste ekspedysje fan Portegal nei Ynje.

Da Gama waard om 1469 hinne berne yn Sines yn Portegal. Hy wie de tredde soan fan Estevao da Gama, dy't in ealman wie en de kommandant fan it Fort fan Sines. Fan de jeugd fan Da Gama is net folle wis. Der wurdt fan útgien dat er wiskunde, astronomy en navigaasje studearre hat yn Evoro. Yn 1492 waard Da Gama offisier by de marine en hat yn dy funksje oan oarloggen meidien yn Kastylje.

Yn 1488 hie Bartolomeus Diaz de súdlike punt fan Afrika berikt en fan dy tiid ôf hawwe de Portugeeske ûntdekkingsreizgers wichtich west. Spanje, de rivaal fan de Portugezen op see, hie Kolumbus de Atlantyske Oseaan oer stjoerd om de wei nei Ynje te finen en it kontinint Amearika dêrby ûntdekt. Dat foarfal fergrutte Portegals entûsjasme en de Portugezen woenen sels in koartere rûte fine nei it easten dêr't de lannen ryk wienen.

De tombe fan Vasco da Gama
Vasco da Gama's rûte op syn earste reis

Yn jannewaris 1497 keas Kening Manuel I fan Portegal, Vasco da Gama út om in ekspedysje te lieden dy 't de seerûte nei Yndia finen moast. Vasco syn heit wie eigentlik útkeazen, mar dy wie stoarn foardat de reis begjinne koe. Op 6 july 1497 ferliet Da Gama, Lissabon mei in float fan fjouwer skippen. Der wie in skip fan 200 ton, twa skippen fan 120 ton en in karveel fan 50 ton. Oan board wienen 170 man, hast allegear feroardiele kriminelen. It wie in drege reis. De bemanning hie skuorbûk en der wienen swiere stoarmen. Se gienen op 15 july bylâns de Kanaryske Eilannen en berikten de Kaap Verdyske eilannen op 26 july. Se bleaunen oant 3 augustus yn Sao Tioago. De Gama naam in súdwestlike koers farde fan de Afrikaanske kust nei Kaap de Goeie Hope. Minne wyn fertrage syn oankomst oant 22 septimber. Lokale gidsen lieden Da Gama en de bemanning troch it minne waar. De skippen gienen bylâns de eastkust fan Afrika en gienen dêrnei de Yndyske Oseaan oer. De skippen kamen yn maaie 1497 yn Kalkutta oan. Foardat Da Gama werom nei hús fear hannele hy earst mei de Ynjers.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]