Wladimir de Vries
Hendrik Wladimir Albrecht Ernst (Wladimir) de Vries (Grins, 3 novimber 1917 - Súdlaren, 30 july 2001) wie in Nederlânsk byldhouwer. Syn byldhouwurken binne benammen te finen yn Grinslân, Fryslân en Drinte.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Vries waard berne yn in skippershúshâlding en fear as jonkje mei op it skip fan syn âlden. As sânde soan waard er neffens de tradysje fan de famylje ferneamd nei in lid fan it Keninklik Hûs, prins Hendrik. Yn 1927 fergie it skip fan syn âlden foar de kust fan Sweden. De Vries gie dêrnei nei de legere skoalle en letter nei de ULO yn Grins. Hoewol't er nei de keunstakademy woe, moast er fan syn âlden earst de kweekskoalle dwaan. Op dy skoalle begûn De Vries syn twadde foarnamme te brûken, om him te ûnderskieden fan Grinzer keunstner Hendrik de Vries.
Yn 1939, it lêste jier fan syn oplieding, stapte De Vries dochs noch oer nei Akademy Minerva, dêr't er les krige fan ûnder oaren Willem Valk, A.W. Kort en C.P. de Wit. Hy woe ynearsten skilder wurde, mar waard troch Valk stimulearre om syn talint as byldhouwer te ûntjaan. Hy assistearre Valk ûnder mear by it meitsjen fan dy syn Monumint foar it fallen spoarpersoniel in Utert. Op oanrekommandaasje fan Valk assistearre er Corinne Franzén-Heslenfeld by har fersetsmonumint foar Utert (1949) en it Oarlochsmonumint foar Noordwijk (1952). As selsstannich byldhouwer hied er in atelier yn Haren yn Grinslân. Neist byldhouwer wie De Vries fan 1958 oant 1963 dosint nifelûnderwiis (MO) oan de School voor Handenarbeid yn Grins.
Wurk yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Goatysk finster (1975)
- Famke (1957)
- Raam (1958)
- Famke op stien (1966)
- Skeakels (1967)
- brûnzen doarren gemeentehûs (1965)
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Reebokje (Uthuzen, 1962)
-
Oarlochs- en fersetsbetinkteken (Wedderveer, 1950)
-
Skeakels (Easterwâlde, 1967)
-
Arp Schnitgermonumint (Uthuzen, 1976)
-
Wisent (Grins, 1975)
-
Raam (Easterwâlde, 1958)
-
Fersetsmonumint (Wildervank, 1948)
-
Fâle (Grins, 1953)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wladimir de Vries fan Wikimedia Commons. |