Atelier

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dit museumatelier mei ark en foarrie is desennia lang brûkt

In atelier is in wurkplak, yn it bysûnder die fan in byldzjend keunstner. In spesifike foarwearde foar it atelier fan in skilder is in net-wizigjende deiljochttatreding fan konstante kwaliteit. Dêrom hat in skildersatelier ornaris de ruten op it noarden om te foarkommen dat der sinneljocht yn de romte falt. Troch streekrjocht sinneljocht ûntsteane te sterke slachskaden, te grutte ferskillen yn yntinsiteit en kleurtemperatuer fan it ljocht by wikseljende bewolking en, troch it draaien fan de ierde, in hieltiten feroarjende hoeke fan ljochtynfal. By in atelier is ek de hichte fan belang. In swiere atelierezel hat, by steand wurkjen, in útrin fan hast 3 meter.

In ideaal atelier hat romte en in soad deiljocht. Dêrom wurdt it tradisjonele atelier faak ynrjochte op de souder fan gebouwen, dêr't mei inkele yngrepen grutte finsters te meitsjen binne. Ateliers wurde ek wol ynrjochte yn âlde skoallelokalen en fabrykshallen mei goede dakljochten. Sizze minsken fan atelierruten, dan wurde hege op it noarden lizzende ruten bedoeld.

It finen fan in geskikt atelier kin foar keunstners in probleem wêze omdat der oer it algemien net folle betelbere romtes binne. Grutte gemeenten besykje hjir soms wat oan te dwaan troch spesjale atelierwenten te bouwen.

Yn Amsterdam is der sprake fan in saneamd 'briedplakkenbelied', dêr't se it oanbod fan betelbere wurklokaasjesoanbod mei fergrutsje wolle. Yn de provinsje Gelderlân is it SLAK (Stifting Leniging Atelierneed Keunstners) aktyf (fêstige yn Arnhem). Dat is ien fan de grutste en bekendste atelierstiftingen fan Nederlân. Gebouwen dy't oars leechsteane soenen wurde troch it SLAK op tydlike basis oan keunstners ferhierd. Dêrneist hâldt dizze stifting it tema 'op de aginda' en is se (yn gearwurking mei wenningbouorganisaasjes) nau belutsen by nijbouprojekten.

It wurd atelier wurdt bytiden ek brûkt foar in romte dêr't keunstwurken tentoansteld en ferkocht wurde troch de keunstner sels, mar yn de measte gefallen wurdt in keunsthannel in 'galery' neamd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]