William Blake

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
William Blake yn 1807 portrettearre troch Thomas Phillips.

William Blake (Londen, 28 novimber 1757 – dêre, 12 augustus 1827) wie in Britske skriuwer, dichter, tekener, skilder en graveur.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Blake waard berne yn in waarm, net konvinsjoneel, middenstânsgesin yn Londen. Syn heit James wie fan Iersk komôf en hjitte eigentlik O'Neill. De jonge William wie in koppige jonge; hy gie net nei skoalle en krige syn oplieding foar it grutstepart fan syn mem. Hy lies alles wat los en fêst siet, ûnder oaren Shakespeare, Milton, Ben Jonson en de bibel en stiek ek it noadige op fan Frânsk, Italjaansk, Latyn, Gryksk en Hebrieusk. Rillegau foel syn artistike talint op. Ek die bliken dat er in mystike ynslach hie. Hy hie fisioenen, dêr't er him yn syn letter libben troch late litte soe.

Mei fjirtjin jier gie hy yn de lear by de grafikus James Basire. Dy lit him sketsen en tekenings meitsje fan Westminster Abbey en oare âlde tsjerken yn Londen. Yn dy tiid ûndergie hy de ynfloed fan de gotyk. Doe't er 21 jier wie, waard er talitten op de Royal Academy. Hy woe lykwols mear wêze as allinnich grafikus en fersette him boppedat tsjin de oerhearskjende konvinsjonele keunstopfettings. Nei syn houlik mei Catherine Boucher yn 1782 slagge it him, op oanstean en mei stipe fan inkele freonen, in earste publikaasje ferskine te litten: Poetical sketches (1783).

De Fjouwer Zoas út de mytology fan William Blake

Hoewol't syn mystike ynslach late ta wurk mei in protte symbolyk, meastentiids tsjuster wurk, dêr't er in eigen mytology yn ûntwikkele, ferskynde yn 1789 Songs of Innocence mei ienfâldige lyryske gedichten. Yn 1794 waard dêr yn in werútjefte Songs of Experience oan taheakke. Dat lêste wurk waard nea apart útjûn, mar opnaam mei it eardere, ûnder de titel Songs of Innocence and of Experience showing the Two Contrary States of the Human Soul.

Syn wichtichste proazawurk mei gravueres, The Marriage of Heaven and Hell, ûntstie yn 1790. Yn dat wurk is syn langstme nei frijheid dúdlik te sjen. It dêryn opnommen Proverbs of Hell befettet in koarte werjefte fan syn libbens- en keunstbeskôging; syn revolúsjonêre ideeën ferwurde er yn The French Revolution (1791), America (1793) en Visions of the Daughters of Albion (1793). Yn syn lettere wurk, lykas Milton (1804-1808) en Jerusalem (1804-1820), makket syn wanhoop plak foar in filosofy dêr't de rêding sjoen wurdt yn leafde en ferjouwing.

Yn 1794 makke hy it skilderij 'The Ancient of Days' mei in grutte fan 23,3 sm × 16,8 sm. De technyk dy't William Blake dêrby brûkte wie reliëfetsen mei wetterferve. It wurk wurdt bewarre yn it British Museum yn Londen.

Ut it wurk fan William Blake docht goed bliken dat er de ferbylding wichtiger fynt as de rede. Blake set fraachtekens by alle hearskjende wearden fan syn tiid; op it mêd fan keunst, religy en filosofy. Syn poëzy rint foarút op de grutte feroarings dy't komme soenen: it loslitten fan de konvinsjes fan de 18e ieu.

De drege mystike gedichten fan Blake wurde net in soad lêzen. Nei alle gedachten koe er syn ideeën dêr net goed genôch yn útdrukke. Yn de koartere gedichten slagget it him wol folslein iepen te wêzen foar de lêzer.

William Blake stoar yn 1827 en waard te hôf brocht op Bunhill Fields yn Londen.

Galery[bewurkje seksje | edit source]

Oar[bewurkje seksje | edit source]

  • Syn ferneamde regel "And did those feet in ancient time" is brûkt foar it nûmer God Song fan it Bad Religion-album Against the Grain.
  • Syn útspraak "The road of excess leads to the palace of Wisdom" waard it kredo fan de Amerikaanske rockgroep The Doors, benammen fan de lead-singer Jim Morrison. De namme fan de groep ferwiist nei de fersrigel "The Doors of Perception" út The Marriage of Heaven and Hell.
  • Yn de film Dead Man fan Jim Jarmusch draacht de haadrolspiler de namme William Blake, ek seit dy spiler (Johnny Depp) inkele rigels út William Blake syn gedicht "Auguries of Innocence", út: "Every night and every morn Some to misery are born, Every morn and every night Some are born to sweet delight."

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

KLONSKY, MILTON - William Blake: the Seer and His Vision; New York, Harmony Books. 1977. (ISBN 0-517-52940-8).