Tsjerke fan Niehove

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Niehove
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Niehove
adres Kerkstraat 1
koördinaten 53° 17' N 6° 21' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige ûnbekend
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31406
Webside
PKN Oldehove-Niehove
Kaart
Tsjerke fan Niehove (Grinslân)
Tsjerke fan Niehove

De Tsjerke fan Niehove is in 13e-iuwsk tsjerkegebou yn Niehove (Grinslân). De tsjerke waard troch de PKN-gemeente Oldehove-Niehove oerdroegen oan Stichting Alde Grinslânske Tsjerken. It giet om in ienskippige goatyske tsjerke mei in trijesidich sletten koer. De tsjerke stiet sintraal op in wierde en wie foar lange tiid it iennige stiennen gebou fan it doarp. Yn 'e tsjerke is in besikerssintrum ûnderbrocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske tsjerke is de opfolger fan ien fan 'e earste houten tsjerken fan Grinslân, dy't om 800 hinne yn Suxwort, sa't Niehove doe hiet, stifte waard. Suxwort wie it haadplak fan it eilân Humsterlân, it gebiet dêr't de rôvers weikamen dy't yn 754 Bonifatius by Dokkum fermoarden. De opfolger fan Bonifatius, Willehadus, gyng yn 777 nei Suxwort om dêr fan 'e heidenen kristenen te meitsjen. Hy wist him dêrby mar krekt it libben te rêden want lilke ynwenners woene him deadzje, mar guon koene dat tefoarren komme en stelden út de goaden oer syn lot kedize te litten. Doe't bliken die dat de goaden Willehadus tadien wiene, krige de biskop de frijheid werom om it eilân te ferlitten. Letter slagge it Liudger wol de minsken ta it kristendom te bekearen en hy liet foar har in lyts tsjerkje bouwe, mooglik op it plak fan in heidensk hillichdom.

Ynterieur

Humsterlân waard sûnt it jier 804 ûnderdiel fan it troch Liudger stifte bisdom Múnster. It eilân waard bedike en yn Suxwort hie de proast syn sit, dêr't er de omkriten bestjoerde. De proast ferhûze om 1200 hinne nei Hummerze, it hjoeddeiske Oldehove, om dêr rjocht te sprekken. Yn 'e 14e iuw kearde de proast werom nei Niehove om him dêr nei wenjen te setten yn Ipkemaheard. Sûnt dy tiid waard Suxwort wer it plak dêr de rjochtsstoel delset waard, it Nije Hôf of Nijehove.

Earder al wie der om 1230 hinne op it plak fan 'e houten tsjerke in lytse stiennen romaanske tsjerke boud. Fan dat earste stiennen gebou binne der yn 'e noardlike muorre noch romaanske rûnbôgefinsters te sjen. De tsjerke waard yn de 15e iuw langer makke en krige doe it hjoeddeiske uterlik mei it trijesidich sletten koer. Ut dy tiid datearje ek de grutte goatyske finsters. Yn 1619 waard de westlike gevel fernijd. Eartiids hiene de noardlike en súdlike gevel elts in rûnbôgige tagong, dy't letter tichmitsele binne. Yn 1676 waard yn 'e dakruter de lytse 14-iuwske (mooglik 13e iuwske) klok ophongen mei in diameter 64,4 sintimeter. Mei dy fan Warfhuizen en Uitwierde heart de klok ta de âldste tsjerkeklkokken fan Grinslân. It mechanyske oerwurk waard makke troch Bonaventura Eijsbouts út Asten.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard as katolike tsjerke boud. Fan de katolike tiid bleau in nis foar it hillich sakramint en in part fan it sânstiennen alter bewarre.

De banken datearje út it lêste diel fan 'e 17e iuw. It oare tsjerkemeubilêr stamt nei alle gedachten út it begjin fan 'e 19e iuw. Mooglik waard by de bou fan de swart farve preekstoel âldere ûnderdielen brûkt. Oer de flier fan 'e tsjerke lizze likernôch fjirtich sarken. Tsien dêrfan binne noch út de katolike tiid, de âldste is fan 1557.

Yn ien fan 'e ramen fan de tsjerke is in brânsskilderd glês te sjen fan 'e tsjerke mei in earrebarrenêst.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

'
Oargel

It oargel stiet sûnt 1908 yn 'e tsjerke, mar ûnderdielen binne folle âlder. It oargel waard eartiids oankocht fan 'e oargelmakker Marten Eertman út Noordwolde. It ynstrumint wie in âlder wurk fan 'e oargelbouwer Joachim Wenthin út Emden, dy't it oargel yn 1816 oan 'e katolike staasje fan Uithuizen levere hie. Dêrby brûkte Wenthin materiaal fan it âldere oargel, dat al yn dy tsjerke stie en dat oarspronklik yn de Herfoarme tsjerke fan Uithuizermeeden stien hie. Dat oargel wie tige âld en gyng werom oant de tiid fan foar de reformaasje. Doe't Albertus Antoni Hinsz yn 1785 in nij oargel foar de tsjerke fan Uthuzermieden boude, waard it âlde oargel ferkocht oan 'e katolike staasje fan Uthuzen. Wenthin brûkte by de bou fan it oargel yn 1816 in grut tal fan de pipen, mar it front, de mechaniken, de manualen en de balgen wiene nij. Ek foege Wenthin in pear registers ta, wêrtroch it ynstrumint alve registers krige. Yn 'e rin fan 'e 19e iuw ferhûze it oargel in pear kear fan plak. Yn 1825 waard de staasje fergrutte en krige it oargel in nij plak. De oargelmakker Geert Pieters Dik ferwidere healwei de 19e iuw in pear registers mei piipwurk út 1816. Yn 1861 ferhûzen de bruorren Adema it oargel nei de nijbou fan 'e neogoatyske tsjerke fan Uithuizen. Doe't de katoliken oan it begjin fan de 20e iuw in nij oargel kochten, waard it âlde ynstrumint oerstallich en sa kaam it yn hannen fan Marten Eertman, dy't it mei in pear oanpassings yn 'e tsjerke fan Niehove ynboude. It oargel, dat yn 1951 in elektryske wynmasjine krige, gyng yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw stadichoan efterút. Lang om let waard it ynstrumint yn 'e jierren 1999-2001 restaurearre. It hjoeddeiske ynstrumint hat alve registers ferdield oer ien manuaal en oanhongen pedaal.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Kerk van Niehove