Sakramintshúske

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tabernakel fan de Klústsjerke yn Warfhuizen.

In sakramintshúske of tabernakel is in lyts, bytiden fersierd niske of muorrekastke, meastentiids oan de noardkant fan it koer fan Midsieuske tsjerken. Hjiryn waard de sakristy (ouwel, hosty) bewarre yn in piksis. It 'lichem fan de Hear' fertsjinne in foarname, mar benammen in feilich plak. Ek al omdat de hosty troch leauwigen wolris weipakt waard. Soks kaam meidat men oan de konsakrearde hosty in wûnderlike krêft taskreaun. Der binne noch sakramintshúskes yn Eanjum, Burgum, Rinsumageast. Mooglik wie it ek in berchplak fan foar papieren fan wearde. Yn lettere midsieuwen waard it sakramintshúske ferfongen troch in tabernakel op it alter.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: