Trentino-Súd-Tirol

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Trentino-Súd-Tirol
Flagge Wapen
Flag of Trentino-South Tyrol.svg Coat of arms of Trentino-South Tyrol.svg
Lokaasje yn Itaalje
TAA-Mappa.png
Algemien
Haadstêd Trente
Oerflakte 13.619
Befolking 940.000
Befolkingstichtens 69
Oare ynformaasje
Heechste punt Ortler: 3902
Oantal gemeenten 339
Provinsjes Bozen-Súd-Tirol, Trente

Trentino-Súd-Tirol (Italjaansk: Trentino-Alto Adige, Dútsk: Trentino-Südtirol) is in autonome regio yn it noarden fan Itaalje. De regio is opdield yn twa provinsjes: Trente en Bozen-Súd-Tirol. De provinsje Trente is sawat folslein Italjaansktalich mei lytse Dútske en Ladinyske (Reto-Romaanske) minderheden, wylst de provinsje Bozen-Súd-Tirol oer in grutte Dútsktalige mearderheid beskikt.

Fan de bewenners yn de regio sprekt likernôch sechtich persint Italjaansk, sawat fjirtich persint Dútsk en inkele persinten Ladinysk. De Dútsksprekkende minderheid wurdt Zimbern neamd.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Trentino-Súd-Tirol grinzet oan de Italjaanske regio's Feneto en Lombardije en Eastenryk en Switserlân. Simmers wurdt der in soad dien oan berchbeklimmen, en yn de winter is it drok skygebiet.

Yn de streek lizze in oantal goede wyngebieten dêr't in unike druvesoarte Lagrein foarkomt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Regio's fan Itaalje
Flagge fan Itaalje
Abruzzen - Apulje - Basilikata - Kalaabrje - Kampanje - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Latium - Liguerje - Lombardije - Markee - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tirol - Toskane - Umbrje - Falle d'Aosta - Feneto