Tomas fan Kempen
Ut Wikipedy
Tomas fan Kempen (of Tomas Hemerken ("hammerke"); Kempen, ±1380 - Swol, 25 july 1472) wie in midsieuske Augustiner kanunnik, kopiïst, skriuwer en mystikus. Hy wie lid fan de spirituele beweging fan de Moderne Devoasje en in folgeling fan Geert Groote en Floris Radewijnsz, de stifters fan de Broeders des Gemenen Levens.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Libben
Tomas waard berne yn in ienfâldige húshâlding yn Kempen, tichteby Krefeld. Yn 1395 gong hy nei skoalle yn Dimter dat troch muontsen laat waard. Al gau wied er in kundich kopiïst dy' t himsels ûnderhâlde koe. Letter waard hy kanunniken by de prior fan de Sint-Agnitenberch by Swol. Yn 1413 waard er ta pryster wijd en subprior yn 1429.
Tomas fan Kempen hearde by de mystisy dy't yn dy tiid ferspraat wienen fan Switserlân ôf de Ryn by del oant de Nederlannen. Hy liede foaral in rêstich libben libben en ferdielde syn tiid tusken devoasje-oefenings, skriuwen en kopyearjen.
[bewurkje seksje] Wurken
It is wis dat Tomas fan Kempen de Bibel wol fjouwer kear kopiearde, wêrfan ien eksimplaar yn fiif parten bewarre bleaun is. Sels hat er ek ferskate wurken skreaun, foar it meastepart die er dat yn it Latyn. Hy koe de bibel alhiel en syn wurken steane bol mei bibelsitaten, benammen út it Nije Testamint. It skaaimerk fan syn wurk is ornaris it devoasjoneel karakter en omfiemet histoaryske traktaten, meditaasjes, brieven en preken.
Syn historyske traktaten binne Vita Lidewigis (oer it libben fan de Hillige Liduina fan Skiedaam), Vita Gerardi Magni (It libben fan Geert Groote) en biografyen fan Radewijnsz en njoggen oare bruorren.
Syn bekendste boek is lykwols Oer de neifolging fan Christus, (De Imitatione Christi) dat noch hieltyd ferneamd is en de sammelnamme is foar fjouwer traktaten, wêrfan de âldste út 1424 datearre. Dat wurk waard yn 1471-1472 te Augsburch printe en wie tige yn trek; it wie nei de Bibel it meast fersprate boek fan de lette Midsieuwen.
Fergelykber en trochstrings fan deselde geast binne syn wiidweidige meditaasjes oer it libben en de seinings fan Jezus Kristus, en oer de Ynkarnaasje. Yn alle wurken wurdt Kristus hieltyd op 'e nij troch him fereare.
[bewurkje seksje] Skryn
De bonken fan Tomas leinen oant 2005 yn in skryn yn de Sint-Michaëlstsjerke yn Swol. Omdat deze tsjerke lykwols yn novimber fan dat jier sletten waard, binne sy mei Pinkster 2006 foarfêst oerrocht nei de basilyk fan Us Leaffrou Tenhimelopnimming yn it sintrum fan de stêd.

