Hilligelibben

Ut Wikipedy
Side út de Vita Sancti Martini fan Sulpicius Severus

In hilligelibben of hagiografy (fan it Grykske ἅγιος, (h)agios, "hillich", en γράφειν, graphēin, "skriuwe") is in literêr sjenre dat syn oarsprong en grutste bloei yn 'e Midsiuwen hie, en dat bestiet út 'e legindaryske biografyen fan hilligen en oare religieuze lieders. Yn kristlike hilligelibbens wurde libben en wurken, en fral ek de wûnders, beskreaun fan hillich ferklearre persoanen fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, de Anglikaanske Tsjerke, de eastersk-otterdokse tsjerken en de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken. Oare godstsjinsten, lykas it boedisme, de islaam en it sikhisme, hawwe harren eigen foarmen fan hagiografyske teksten, lykas de janamsakhi's fan 'e sikhs. Guon foarbylden fan bekende kristlike hilligelibbens binne de Vita Sancti Brendani Clonfertensis (It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan); de Vita Sancti Martini (It Libben fan Sint Martinus); de Vita Bonifatii (It Libben fan Bonifatius); en de Vita Sancti Liudgeri (It Libben fan de Hillige Liudger).

De term "hagiografy" wurdt ek wol brûkt as denigrearjende oantsjutting foar in biografysk of histoarysk wurk wêrfan't de auteur net genôch ôfstân, oftewol objektiviteit, bewarret ta syn ûnderwerp.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]