Sokrates

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Byld fan Sokrates yn it Louvre yn Parys

Sokrates (4 juny 470 - 399 f. Kr.) (Aldgryksk: Σωκράτης) wie de earste fan de trije ynfloedrykste filosofen (neist Plato en Aristoteles) út de Gryske Aldheid. Hy is foaral ferneamd as útfiner fan de sokratyske metoade. Hy wie de earste dy't it hanneljen fan de minske sintraal stelde yn syn wrâldbeskôging fanút de fraach: hoe moatte wy sa ferantwurdlik mooglik libje?

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Sokrates libbe yn de gouden ieu fan Grikelân. Hy wie troud en hie trije bern. Al op jonge leeftyd hâlde hy him dwaande mei fragen dêr't er letter bekend om wurden is. Dizze fragen hienen te krijen mei ús wize fan libjen: "Wat is goed?", "Wat is rjocht"?, "Wat is rjochtfeardich"? As wy hjirop de antwurden hawwe, betocht Sokrates, dan moat dat ynfloed hawwe op ús wize fan libjen. Sokrates hie lykwols yn de gaten dat hy net oer alle antwurden beskikte op dizze fragen. Mar hy hie ek wol troch dat gjinien dy hie. Wol besocht hy sa folle mooglik nei de troch himsels fûne prinsipes te libjen.

Yn 399 f. Kr. die Sokrates himsels te koart troch it drinken fan de gifbeker, omdat hy wegere syn deafonnis te akseptearjen. Hy wie nammentlik feroardield op fertinking fan it yntrodusearjen fan nije goaden en it ferkeard beynfloedzjen fan de jongere generaasje fan syn tiid.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Der binne fan Sokrates gjin skriften bewarre bleaun. Al dat wy fan syn wurk witte is ôfkomstich fan wat oaren dêroer skreaun hawwe, lykas Plato yn syn dialogen Apology en Symposium, en Ksenofon yn syn skriften. Ek troch de Grykske blijspuldichter Aristophanes witte wy it ien en oare oer syn filosofy, omdat dizze in soad feninige krityk op Sokrates ferwurke hie yn syn wurk.

De wize fan redearen dy't Sokrates tapaste neame wy tsjintwurdich de induktive metoade, dy metoade hâldt yn dat út in samling details wei nei in gehiel tawurke wurdt, ofwol hy besocht troch it toetsen fan in protte yndividuele ynsjoggen ta in algemien jildende wierheid te kommen. Syn útgongspunt wie hieltyd "Ik wit dat ik neat wit" en dêrmei foel hy de metoaden oan fan de Sofisten, de rûnlûkende learaar-deskundigen út dy tiid, mar erkende tagelyk dat er ek net it folsleine antwurd hie op syn fraachstikken. Dêr't er wol sukses mei hie wie it ôfbeakenjen fan wat ûndeugd wie.