Robyntsje

Ut Wikipedy
robyntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje finkfûgels (Fringillidae)
skaai robyntsjes (Linaria)
soarte
Linaria cannabina
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmergast
     stânfûgel
     wintergast

It Robyntsje (Linaria cannabina; synonym: Carduelis cannabina) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wyfke

De fûgel is 13,5 sm lang. It mantsje hat read yn 'e krún en it boarst. It kopke is griesbrún en de rêch en de mantel kastanjebrún. De donkerbrune sturt hat wite rannen. It wyfke is sûnder de reade kleur en oer it generaal wat mear streperich tekene.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It robyntsje libbet fan sied en dêrom mei er graach oer plakken mei in soad gers en krûden. Ek yt it robyntsje sied fan kultuerplanten, lykas fan himp of flaaks en koalsied. Ier yn 'e maaitiid foarmet túnerf, wylde sering en bargegers syn kost, letter ek hynsteblom, brânnettel, stikels en kaarde. Ek de nêstjongen wurde mei sied grutbrocht.

Nêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nêst fan robyntsjes.

Healwei april begjinne de earste robyntsjes harren nêst te bouwen. Hja hawwe stevige nêsten yn strewellen dy't mei fearkes en plúskes ôfwurke wurde en faak binne der meardere nêsten byinoar. Meastentiid wurde de fjouwer oant seis aaikes lein, dy't wyt oant ljochtblau binne en reade flekjes ha. De aaikes kommen yn 12 oant 14 dagen út. It robyntsje kin wol trije kear ta brieden komme, foar it lêst yn augustus.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel libbet yn hiel Europa (útsein Yslân en grutte dielen fan Skandinaavje) en yn dielen fan West-Aazje en Noard-Afrika. De fûgel mei graach oer âlderwetsk agrarysk kultuerlân mei doarpen, houtsingels en hagen mei in soad grien.

It robyntsje hat sân ûndersoarten:

Winterdeis binne de measte fûgels fuort en dat jildt namste mear as it hiel kâld wurdt. Fûgels dy't yn Nederlân briede trekke foar de winter nei it suden fan Spanje en Marokko. Fûgels út it noarden komme oer Nederlân. Trochtsjende fûgels binne yn grutte oantallen yn april en oktober te sjen.

Efterútgong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mantsje en wyfke

It tal pearkes is sûnt de jierren 1970 foars efterútgien. Allinne al sûnt de jierren 1990 is it tal briedpearkes mei 60% fermindere. Oare lannen jouwe itselde byld, mar yn Dútslân, Denemark en Eastenryk is de efterútgong noch sterker. De lêste jierren liket de efterútgong te stabilisearjen. It feroarjende agraryske kultuerlânskip liket de grutste oarsaak te wêzen fan 'e efterútgong, mar ek yn 'e dunen hat de efterútgong grut west. Dochs binne de oantallen noch grut en tusken 2018-2020 wurdt de populaasje neffens SOVON tusken 33.000 en 55.000 rûsd. Robyntsjes binne yn Fryslân meast yn it Lauwersmargebiet, de eilannen en it súdeasten te finen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: