Reade wolf

Ut Wikipedy
reade wolf
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje hûneftigen (Canidae)
skaai hûnen (Canis)
soarte
Canis rufus
Audubon & Bachman, 1851
IUCN-status: krityk
ferspriedingsgebiet
     histoarysk ferspriedingsgebiet
     hjoeddeistich ferspriedingsgebiet

De reade wolf (wittenskiplike namme: Canis rufus) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e hûnen (Canis), dat lânseigen is yn 'e súdeastlike Feriene Steaten. Tsjintwurdich komt it inkeld noch foar yn in beheind diel fan noardeastlik Noard-Karolina. De taksonomyske klassifikaasje fan dit bist is problematysk. Party soölogen sjogge it as in selsstannige soarte, wylst oaren ornearje dat it in ûndersoarte is fan 'e grize wolf (Canis lupus), of in hybride ras dat ûntstien is út natuerlik foarkommende krusings fan 'e grize wolf mei de prêrjewolf (Canis latrans). Dat is de reden dat de reade wolf, nettsjinsteande syn tige lytse populaasje, soms op listen fan bedrige soarten weilitten wurdt. De IUCN klassifisearret dit bist as krityk bedrige.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronklike, histoaryske ferspriedingsgebiet fan 'e reade wolf besloech it hiele súdeasten fan 'e Feriene Steaten, fan súdlik en sintraal Teksas oant yn sintraal Illinois en New York. It omfette de súdlike Grutte Flakten, de Appalachen en ek de Everglades yn it suden fan it Floaridaskiereilân. Yn 1940 kaam de reade wolf, neffens biolooch Stanley P. Young, noch rûnom foar yn súdeastlik Teksas, mar fanwegen syn oanfallen op fee waard dit bist mids tweintichste iuw ûnmeilydsum ferfolge. Omtrint de midden fan 'e 1960-er jierren wie de reade wolf yn it wyld net mear te rêden. De lêste wylde populaasje libbe oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko yn eastlik Teksas en westlik Louisiana.

In reade wolf yn in Amerikaanske dieretún.

It folsleine útstjerren bleau dit bist besparre, mei't fjirtjin eksimplaren fongen waarden om yn finzenskip ynset te wurden foar in fokprogramma. Yn 1980 waard de reade wolf as yn it wyld útstoarn ferklearre. Fan 1987 ôf waard war dien om 'e reade wolf te reyntrodusearjen yn it wyld yn it Nasjonaal Faunareservaat Alligator River yn noardeastlik Noard-Karolina. Troch ferskate fakoaren (sjoch § Status) is it noch net slagge om in libbensfetbere wylde populaasje te fêstigjen.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reade wolf hat trochinoar in kop-romplingte fan 99–128 sm, mei in sturtlingte fan 37 sm en in gewicht fan 20–39 kg. Mantsjes (trochinoar 29 kg) binne ornaris swierder as wolvinnen (trochinoar 25 kg). De pels is grizich mei brune hierren dertrochhinne, mei wyt oan 'e sydkanten fan 'e snút en de binnenkant fan 'e poaten, op 'e bealch, de kiel en by de eagen. De pels dúdlik rodziger as dy fan 'e ûndersoarten fan grize wolf (Canis lupus) yn Noard-Amearika, en hy is ek tinner, nei alle gedachten om't de reade wolf yn in waarmer diel fan Noard-Amearika foarkomt.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei alle gedachten libben reade wolven foarhinne yn in grut tal ûnderskate biotopen, krekt sa't de grize wolf (Canis lupus) dat docht. De lêste natuerlik foarkommende wylde populaasje reade wolven libbe yn moerassen oan 'e kust mei in prêrjebegroeiïng en op lânbougrûnen dy't brûkt waarden foar de bou fan rys en katoen. Dat sil lykwols perfoarst net typearjend west hawwe foar dizze soarte doe't er noch rûnom foarkaam. Der besteane oanwizings dat de reade wolf oarspronklik it measte de foarkar joech oan 'e ienris útstrutsen leechleine rivierwâlden en moerassen fan 'e súdeastlike Feriene Steaten.

In reade wolf. De rodzige kleur is op dizze foto goed te sjen.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reade wolf is sosjaler as de prêrjewolf (Canis latrans), mar minder sosjaal as de grize wolf (Canis lupus). De peartiid falt yn jannewaris en febrewaris. Nei in draachtiid fan 62–75 dagen smyt de wolvinne yn maart, april of maaie in nêst fan trochinoar 6–7 jongen. Reade wolven binne monogaam, en beide âlden drage by oan it grutbringen fan 'e jongen. De befalling fynt plak yn in hoale dy't de wolvinne sels groeven hat ûnder beamwoartels of yn 'e steile igge fan in stream. Soms wurdt ynstee in holle beam brûkt of in ferlitten hoale dy't groeven is troch in oarsoartich bist. Mei 6 wiken kinne de jongen bûten de hoale oerlibje. Mei 1 jier binne se folwoeksen, mar geslachtsripens berikke se pas mei 3 jier.

Reade wolven plantsje har selden fuort mei earstegraadsfamyljeleden. It liket wierskynlik dat de yndividuele ferspriedingsrjochtings fan 'e jongen in evolúsjonêr meganisme binne om sokke ta yntylt liedende pearings foar te kommen. In protte jonge reade wolven bringe tiid op harsels troch of jouwe har earst by lytse ridels fan net-fuortplantsjende jonge bisten fan ferskaat komôf, foar't se yn in nij territoarium mei in wolf fan 'e tsjinstelde sekse in fuortplantingsridel oprjochtsje.

In reade wolf (l.) yn ferliking mei in prêrjewolf (rj.).

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar't de reade wolf mids tweintichste iuw yn it wyld útstoar, bestie it dieet fan dizze hûneftige foar it meastepart út hazzen en kninen en kjifdieren fan ferskate soarten. De reyntrodusearre populaasje yn Noard-Karolina fret lykwols wytsturtharten (Odocoileus virginianus), ferwyldere bargen (Sus scrofa domesticus), waskbearen (Procyon lotor), rysrotten (Oryzomys), muskusrotten (Ondatra zibethicus), hazzen en kninen (Leporidae) en ies. It is ûndúdlik oft dit in nije ûntwikkeling is, om dat de reyntrodusearre reade wolven weromfallen binne op in natuerliker, oarspronkliker dieet as wat foarhâns wie yn it beheinde sompegebiet oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko dêr't de lêste wylde populaasje libbe foar it útstjerren yn it wyld. Histoaryske ferslaggen fan 'e waarnimmings fan 'e reade wolf troch iere blanke ûntdekkingsreizgers yn Noard-Amearika yn 'e santjinde iuw lykje op 'e lêste opsje te wizen. Sa skreau William Hilton jr., dy't yn 1644 de rivier de Cape Fear op fear, dat er reade wolven in hart opfretten seach.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reade wolf waard yn 1980 foar útstoarn yn it wyld ferklearre, en anno 2023 is der noch altyd gjin nije libbensfetbere populaasje yn it wyld reyntrodusearre, ek al wie dat wol de bedoeling fan it fokprogramma dat yn 1974 yn finzenskip opset waard. Fan 'e lêste reade wolven waarden 43 spesifyk foar it fokprogramma fongen, mar dêrfan blieken mar 17 genetysk poere reade wolven te wêzen, en nochris trije wiene ûnfruchtber, sadat foar it fokprogramma úteinlik mar 14 bisten brûkt wurde koene. Dat fokprogramma wie yn 't earstoan fêstige yn it Point Defiance Zoo and Aquarium yn Tacoma (Washington). Yn 1976, en jitris yn 1978, waarden by wize fan eksperimint twa reade wolven loslitten op Bulls Island yn it Nasjonaal Faunareservaat Cape Romain foar de kust fan Súd-Karolina. Doe't dy eksperiminten befredigjende resultaten opsmieten, waarden de wolven op 'e nij fongen en mei de rest fan it fokprogramma ferhuze nei it Nasjonaal Faunareservaat Alligator River, yn eastlik Noard-Karolina.

In beämte fan 'e U.S. Fish and Wildlife Service mei in pear reade-wolvejongen yn augustus 2002.

Dêre waarden yn septimber 1987 fjouwer pearkes fan wolf en wolvinne loslitten. Dat liek earst skoan te gean. Ferskate oare útsettings mislearren: yn 1989 op Horn Island yn Mississippy, yn 1991 yn it Nasjonaal Park Great Smoky Mountains yn eastlik Tennessee, yn 1990 op it eilân St. Vincent yn Floarida, en yn 1997 op it eilân Cape St. George, ek yn Floarida. Ek de reyntroduksje yn Alligator River krige letter mei problemen te meitsjen, sadat der 36 jier nei it begjin fan it projekt yn Noard-Karolina noch mar 23 oant 25 reade wolven yn it wyld libje. Dat is net in libbensfetbere populaasje. Dêrnjonken binne der likernôch 270 reade wolven dy't yn finzenskip holden wurde yn dieretunen en foar it fokprogramma. Dat betsjut dat de folsleine wrâldpopulaasje út krapoan 300 bisten bestiet. Mei oare wurden: de reade wolf is noch altyd krityk bedrige, en sa wurdt dit bist dêrom ek klassifisearre troch de IUCN.

De reden foar it haperjen fan 'e reyntroduksje fan 'e reade wolf yn it wyld yn eastlik Noard-Karolina is de negative hâlding fan 'e pleatslike minsklike befolking foar de reade wolf oer. It Nasjonaal Faunareservaat Alligator River en oare beskerme natoergebieten deunby binne te lyts foar in libbensfetbere wylde populaasje, dy't sadwaande foar in grut diel op lân libje moatte sil dat partikulier eigendom is. It yllegaal ôfsjitten fan reade wolven troch lâneigners is in grut probleem. Dêroerhinne komt nochris dat de U.S. Fish amd Wildlife Service, dy't it reyntroduksjeprojekt beävensearret en dêrom de reade wolven beskermje moatte soe, sûnt 2014 ferskate ôfsjitfergunnings foar de reade wolf ferliend hat oan lâneigners yn 'e omkriten fan Alligator River. Dat hat ta grutte ferûntweardiging ûnder natoerbeskermers laat, dy't nei de rjochter stapten. Yn novimber 2018 krige de Fish & Wildlife Service in pynlike tik op 'e fingers, doe't de rjochter útspraak die dat de tsjinst syn boekje te bûten gien wie troch ôfsjitfergunnings foar de reade wolf te ferlienen.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 3 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e reade wolf (Canis rufus):

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.