Nederlânske waadeilannen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Nederlânske waadeilannen op in satalytfoto.

De Nederlânske waadeilannen binne de waadeilannen dy't by de provinsjes Fryslân en Grinslân en de regio West-Fryslân hearre. Dêrfan hawwe de beide lêste elts mar ien waadeilân hawwe: Tessel yn West-Fryslân en Rottum yn Grinslân; de oare fiif hearre by Fryslân.

Eilannen[bewurkje seksje | edit source]

De rige fan de fiif bewenne eilannen dêrfan, Tessel, Flylân, Skylge, it Amelân en Skiermûntseach, foarmje in part fan de skieding tusken Waadsee en Noardsee. As folgjende eilân nei it súden ta wurdt wol Wieringen rekkene, mar dat is nei oarsprong en hjoeddeiske tastân gjin waadeilân. It folgjende nei it easten ta is Rottum.

It fiifde Fryske waadeilân, it Gryn, leit op it waad, besúden de westkânt fan Skylge.

Platen[bewurkje seksje | edit source]

Njonken dy eillannen lizze der yn itselde gebiet ek in tal platen. Twa dêrfan wurde gauris as eilân beskôge: De Richel, op it waad tusken Flylân en Skylge, en de Kalkman, op it waad tusken it Amelân en Skiermûntseach. Strikt naam binne dit lykwols gjin eilannen, om't hja te faak ûnder spield wurde.