Maurits fan Oranje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Portret fan Maurits yn it Paleis op de Dam te Amsterdam.
Prins Maurits op in skilderij fan Jansz van Mierevelt
Maurits, nei syn dea

Maurits van Oranje (14 novimber 156723 april 1625), Prins fan Oranje, Greve fan Nassau, steedhâlder en fan 1585 oant syn dea Kapitein-generaal fan it leger fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.

Syn jonge jierren[bewurkje seksje | edit source]

Maurits wurdt berne op slot Dillenburch yn it greefskip Nassau. Hy is soan út it twadde houlik fan Willem fan Oranje, mei Anna fan Saksen. Syn mem ferlit it kastiel yn de simmer fan 1568. Maurits soe har nea wer sjen. Syn heit ferbliuwt foaral yn de Nederlannen om dêr lieding te jaan oan de opstân tsjin Spanje. Syn opfieding krijt Maurits dan ek fan syn omke Jan fan Nassau, tegearre mei syn bern, bygelyks Willem Loadewyk, de lettere Steedhâlder fan Fryslân. De bern studearje yn Heidelberch fan 1575 oant 1577. Dêrnei giet Maurits nei Hollân. Yn 1582 wurdt hy studint yn Leien.

Folwoeksen[bewurkje seksje | edit source]

As Maurits yn 1585 achttjin jier âld is, wurdt hy troch oranje-oanhinger en Riedspinsjonaris fan Hollân, Johan van Oldenbarnevelt ta steedhâlder fan Hollân en Seelân beneamd. Ek mocht er him admiraal fan de float neame. Formeel wie hy ûnder it befel fan de greve fan Leicester, dy’t ta gûverneur-generaal fan de Nederlannen beneamd wie. Dit wie bard troch de Ingelske Elizabeth I fan Ingelân. De soevereiniteit oer de opstannige gewesten wie har yn 1585 jûn. Yn 1590 en 1591 wurdt Maurits ek noch steedhâlder fan Gelderlân en Utert. Pas yn 1618 krijt hy de titel Prins fan Oranje as syn âldere broer Filip Willem stjert. It libben fan Maurits stiet yn it teken fan de striid tsjin de Spanjoalen wêrby't hy grutte súksessen hat, sawol op it lân as op see. Maurits arbeide goed op mei Johan van Oldenbarnevelt. Van Oldenbarnevelt bespile de Hollânske Steaten en de Steaten-Generaal, en Maurits wie fjildhear. Syn earste grutte súkses wie de oermastering fan Breda mei it turfskip yn 1590. Dêrnei nimt er mear stêden yn lykas Nymwegen (1591), Sutfen (1591), Stienwyk(1592) en Koevorden (1592), Grins (1594), Oldenzaal, Ynskedee en Grol (1597). Troch it ynnimmen fan dizze stêden ferdûbelt it Nederlânske grûngebiet. Foar de belegeringstechniken fertrout hy op de útfiningen fan Simon Stevin, syn taktyk ûntlient hy oan de âldheid. Maurits wurdt yn hiel Jeropa ferneamd.

Yn 1600 wurdt Prins Maurits troch de republyk der op útstjoerd om Dúnkerken te feroverjen. De Dúnkerker kapers bringe de republyk grutte skea ta op see. By de Nijpoart komt it ta in slach. Prins Maurits komt it Spaanske leger ûnder lieding fan hartoch Albrecht tsjin. De striid begjint om 2 july en wurdt wûn troch it leger fan Prins Maurits, mar hy kin de stêd Nijpoart net ynnimme. Prins Maurits komt poerrazend werom nei Nederlân. Hy wie altyd al tsjin de fjildtocht west, mar neffens Van Oldenbarnevelt moast it wol barre. Reboelje siet yn de loft. Dan stiet ynienen Spinola mei in Leger yn de súdlike Nederlannen. Dit soarget foar grutte ûnrêst. Hieltyd mear minsken prate oer frede mei de Spanjoalen. Mar der binne ek foarstanders foar de oarloch lykas Prins Maurits en de Kalvinisten. Dizze Kalvinisten binne bang foar in te grutte ynfloed fan de Roomsk Katoliken. Van Oldenbarnevelt giet der tuskenyn sitten, hy wol graach bûtenlânske steun. Mar dat sit er net yn. Dêrom giet Prins Maurits tsjin syn sin nei Ryswyk ta. Tegearre mei syn healbroer Freark Hindrik en syn neef Willem Loadewyk. Dêr moetsje se Spinola Marques de sol Balbases. Frede wurdt der net sletten mar wol in wapenstilstân fan tolve jier. De sân gewesten meie alles hâlde wat se besitte en wurde frij ferklearre. De feart mei Ynje sil mei rêst litten wurde krektas de kaapfeart en oare winst opsmitende hannel. De Spanjoalen wienen tige ynskiklik. Dit hie te meitsjen mei de oerwinning fan Admiraal Jacob fan Heemskerck yn 1607 by Gibraltar.

Reboelje[bewurkje seksje | edit source]

Van Oldenbarnevelt hie der foar soarge dat it Tolvejierrich bestân mei Spanje der kaam. De rapen wienen gear. Maurits liet it op reboelje oan komme. Dit krigen sy troch in ferskil fan miening yn de striid tusken de remonstranten en de kontra-remonstranten. Maurits wie op de hân fan de kontra-remonstranten, mar Oldebarnevelt twong de tsjerke om de remonstranten te tolerearen. Mei de skerpe resolúsje (1617) waarden de Hollânske stêden troch de steaten machtige om hiertroepen oan te nimmen om ûnrêst foar te kommen. Dit wie in grutte provokaasje tsjin Maurits. Hy wie de baas fan it leger en dit gie direkt tsjin syn gesach yn. Maurits soarge derfoar dat de wet feroare waard en hy liet yn 1618 Oldebarnevelt, Hugo de Groot arresteare. In bysûndere rjochtbank feroardielde him ta de dea fanwege heechferried. Op 13 maaie 1619 waard Van Oldebarnevelt ûnthalze. Yn 1620, as Willem Loadewyk stjert, wurdt Maurits Steedhâlder fan Grinslân en Drinte.

Moritz von Oranien.jpg

Syn dea[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1621 gean de stridende partijen fierder mei fjochtsjen. Prins Maurits hat net in protte suksessen. Yn it suden gean sels inkele stêden ferlern. Ek begjint er de politike kunde fan Van Oldenbarnevelt te missen. Siik en min stjert er op 23 april 1625 yn De Haach. Prins Maurits hat noait troud west, mar hat wol in grut tal ferhâldingen hân. Hy hie by Margaretha fan Mechelen trije soannen. Oare bern hie hy by minstens fiif oare froulju. Prins Maurits wurdt opfolge troch Freark Hindrik.