Tolvejierrich Bestân

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Tolvejierrich bestân")
Gean nei: navigaasje, sykje

It Tolvejierrich Bestân is in bestân fan tolve jier dêr't net yn fochten is yn de Tachtichjierrige Oarloch.

Perioade fan frede yn de Tachtichjierrige Oarloch[bewurkje seksje | edit source]

It bestân duorre fan 1609 oant 1621. It bestân is sletten troch Johan fan Oldenbarnevelt. Foaral de Hollânske keaplju woenen graach frede, de striid koste in slompe jild en blokkearre de frije hannel.

Dit soarge foar spanningen tusken minsken dy’t frede woenen en minsken dy’t trochfjochtsje woenen. Ien fan dy minsken dy’t trochfjochtsje woenen wie Prins Maurits. Yn 1600 wie Prins Maurits it net iens om in leger nei Dúnkerken te stjoeren. De Slach by Nijpoart dy’t yn dy fjildtocht plakfûn waard mar krekt wûn troch Maurits. Hy kaam dan ek poer thús. Oan de goede gearwurking tusken Johan fan Oldenbarnevelt en Prins Maurits kaam dan ek in ein.

Arminius en Gomarus[bewurkje seksje | edit source]

It bestân soarge foar rêst yn Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Dat soarge derfoar dat âld sear nij oan de oerflakte kaam. Der kamen godstsjinsttsjinstellingen nei boppe. Johan fan Oldenbarnevelt frege mear romte foar de remonstrantske lear fan de Leiense heechlearaar Jakobus Arminius. Prins Maurits stipe de kontra-remonstranten fan de heechlearaar Franciscus Gomarus. Oft Prins Maurits dat die omdat er echt leaude yn Gomarus falt te betwifeljen. Hy wie der ek op út om Johan fan Oldenbarnevelt de foet dwars te setten. De rúzje tusken Arminius en Gomarus makke wat los yn it lân. Sûnder in mienskiplike fijân gienen de minsken tsjinelkoar te kear. It skeel waard oplost troch in synoade. De remonstrantske lear waard ferbean. De remonstrantske reginten hienen yn Hollân in resolúsje oannaam ek wol de “Skerpe resolúsje” neamd. Deryn waard bepaald dat de stêden yn Hollân hiertroepen oannimme mochten. Prins Maurits seach dit as in oantaasting fan syn gesach. Hy liet Johan fan Oldenbarneveld, Hugo de Groot en oare minsken arrestearje. Johan fan Oldenbarnevelt waard ta de dea feroardiele en yn De Haach ûnthalze.

De striid gie troch[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1621 waard de striid tsjin Spanje trochset, neidat Albertus fan Eastenryk de lanfâd fan de súdlike Nederlân sûnder bern ferstoar en de súdlike Nederlannen wer ûnder de Spaanske kening foelen. It hie de bedoeling west dat it bestân útrinne soe op in definitive frede. Mar de mieningsferskillen wienen djipgeand. Dy mieningsferskillen sieten him yn de hannel mei East- Ynje, dy’t neffens de Spanjerts ophâlde moast. Ek de posysje fan de katoliken wie de Spanjoalen slim yn 'e wei. It oantal katoliken wie yn it noarden noch sa grut, dat de protestantske hegerein tige foar de oarloch wie.