Slach by Nieuwpoort

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Slach by Nijpoart)
Slach by Nieuwpoort

De Slach by Nieuwpoort, 2 july 1600, waard yn de Tachtichjierrige Oarloch útfochten tusken de Spaanske troepen en de troepen fan prins Maurits fan Oranje.

De Steaten-Generaal woenen dat Dúntsjerk ynnaam waard, en hienen Maurits dêr tsjin syn sin op útstjoerd. Dat wie it begjin fan in konflikt tusken de Steaten en Maurits dat noch jierren duorje soe.

Maurits sette earst ta op Oostende dat yn hannen fan de Republyk wie, en gong doe fierder nei Nieuwpoort. Dêr focht syn leger mei de Spaanske troepen. Of Maurits dat sa úttocht hie of dat er twongen wie is net dúdlik. Yn elts gefal, de slach gong hiel de dei ûngefear lykop, mar it leger fan Maurits wie krekt wat grutter, sa't er op 'e ein fan de dei minsken oer hie dêr't er de oerwinning mei behelle. Prins Maurits hie dêrmei sjen litten dat er in Spaansk leger oankoe, mar dat wist de tsjinstanner dêrmei fansels ek.

Maurits fan Oranje op 't hynder yn 'e slach

Nei de slach besocht Maurits Nieuwpoort yn te nimmen, mar hy hie tefolle minsken ferlern, sa't er him nei alve dagen weromlûke moast nei de Republyk. It doel fan de tocht hie er net berikt. It ienige resultaat wie úteinlik dat der oan beide kanten in protte minsken stoarn wienen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Battle of Nieuwpoort fan Wikimedia Commons.