Lauswolt
Lauswolt is in lângoed yn Beetstersweach. It oarspronklike lânhûs stamt út de 17e ieu. It is no in hotel, ûnderdiel fan de Bilderberg hotelketen. It restaurant, De Heeren van Harinxma, hie fan 2001 oant en mei 2006 ien Michelinstjer. By it lângoed leit in 18-holes golfbaan fan Golf & Country Club Lauswolt.
[bewurkje seksje] Skiednis
De namme komt ek foar as delsettingsnamme Lauswold, Louwswoud, Louswolt en komt grif fan de manljusnamme Nikolaas.
It lângoed is neamd nei de oarspronklike besitters, de famylje Lauswolt te Beetstersweach, dy't hjir in tal pletasen hie. Yn de rin fan de 19e ieu kaam it lângoed yn besit fan Augustinus Lycklama à Nijeholt, soan fan de boargemaster fan de Sweach Jan Anne Lycklama à Nijeholt. Yn 1867 joech Lycklama à Nijeholt de opdracht oan de Utertske arjitekt Samuel Adrianus van Lunteren om op in lângoed in hearehûs te setten. Hy hat der net sa lang wenne, nei syn houlik yn 1872 ferhuze hy al rillegau út Beetstersweach. Yn 1878 ferkocht hy it lângoed oan Reinhard baron van Harinxma thoe Slooten. Dêrnei útfanhuze Lycklama à Nijeholt geregeld yn it hûs fan syn heit en nei har ferstjerren yn dat fan syn suster, it Lycklamahûs, yn Betstersweach. Yn 1954 kaam it lângoed Lauswolt yn it besit fan de Algemeene Friesche Levensverzekering Maatschappij. Fan it hearehûs waard in hotel makke. It hotel waard yn 1990 ferkocht oan de Bilderbergroep. Op ien fan de pleatsen fan it lângoed wennet de akteur Rutger Hauer.[1][2]
[bewurkje seksje] Kabinetsformaasje
Begjin jannewaris 2007 wienen der besprekkings foar de kabinetsformaasje Nederlân 2006-2007 . It wie de bedoeling fan ynformateur Herman Wijffels en de ûnderhandelers Jan Peter Balkenende, Wouter Bos en André Rouvoet om dizze lokaasje geheim te hâlden, mar dy lekte op de earste dei al út. Letter soe Balkenende sizze dat yn Beetstersweach de basis lein wie foar de kabinetsformaasje.
Sjefkok Marc van Gullick, dy’t soarge dat Lauswolt in stjer krige is koart nei in ferbliuw by de Hoefslag yn Bosch en Duin wer werom by it restaurant De Heeren van Harinxma, diskear yn kombinaasje mei it direkteurskip en tegearre mei kollega Leendert Klaassens.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|