Buorren (doarp)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De buorren binne it diel fan it doarp dêr't de huzen it meast oanien steane. Faak is it ek de belangrykste strjitte. Meast leit de buorren ticht by de tsjerke en bytiden binne der mear as ien buorren. Yn Winsum is in Tsjerkebuorren en in Brêgebuorren. Yn sa'n doarpskearn wennen meastentiids de ambachtslju, winkellju en letter ek de rinteniers. It doarpslibben spile him meast ôf yn de boppeseal fan de herberch as kafee. De beboude kom fan in doarp waard ek wol oantsjutten mei binnebuorren, wat dêrbûten lei wie de bûtebuorren.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Ensyklopedy fan Fryslân, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Buren.