Katsuni

Ut Wikipedy
Katsuni
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Katsumi
echte namme Céline Joëlle Tran
nasjonaliteit Frânsk
berne 9 april 1979
berteplak Lyon (Frankryk)
etnisiteit Fjetnameesk
Frânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
www.clubkatsuni.com

Katsuni, echte namme: Céline Joëlle Tran (Lyon, 9 april 1979), is in Frânsk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en presintatrise, mei in etnysk Fjetnameeske heit en in Frânske mem.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Katsuni woeks op yn it Frânske Lyon en studearre in jier politikology oan it Institute d'Études Politiques de Grenoble (IEP), yn Grenôble. Nei't se har stúdzje deroan jûn hie, wurke se as go-godûnseresse yn nachtklubs, en letter as eroatysk dûnseresse yn stripklubs. Se begûn te posearjen foar neakenblêden, en yn 2002 doe't se 23 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as 350 pornofilms spile, sawol yn Jeropa as yn 'e Feriene Steaten, û.m. foar Digital Playground, dêr't se yn 2006 in eksklusyf kontrakt mei sleat.

Oarspronklik brûkte se de Japanske foarnamme "Katsumi" as har artystenamme, mar yn jannewaris 2007 waard har troch in Frânske rjochter yn Créteil ferbean om dêrmei troch te gean, nei't in Fransêze dy't fan Mary Katsumi hiet in rjochtsaak tsjin har oanspand hie om't se net mei in pornoaktrise assosjearre wurde woe. Yn septimber fan datselde jier waard Katsuni in boete fan €20.000,— oplein om't se har net oan it eardere fûnis holden hie. Dêrop besleat se om har artystenamme te wizigjen ta "Katsuni".

Neffens har offisjele opjefte is Katsuni, dy't ôfwikseljend wennet yn 'e Frânske haadstêd Parys en yn it Amerikaanske Los Angeles, 1.70 m lang, mei in gewicht fan 53 kg. Oarspronklik hie se in kup 32B, mar yn maaie 2006 liet se har boarsten fergrutsje ta kup 32D. De earste film wêryn't se spile mei har fergrutte boarsten, wie French ConneXion, fan 'e Frânske regisseur Marc Dorcel, dy't begjin 2007 útbrocht waard. Yn 2008 makke se yn gearwurking mei Vidéo Marc Dorcel de fiifdielige searje My Fucking Life, dy't heal dokumintêre, heal pornofilm is, en Katsuni in jier lang folget by shoots yn Las Vegas en Kalifornje, en teffens in tipke fan 'e wale oplichtet oangeande har priveelibben. Katsuni hat withoefolle prizen wûn foar har wurk, mei dêrûnder net minder as 17 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), 2 Hot d'Ors (de wichtichste Jeropeeske pornografypriis) en 2 Ninfa Awards, dy't útrikt wurde op it Barcelona International Erotic Film Festival. Fierdersoan waard hja yn 2014 ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame.

Njonken har aktearwurk is Katsuni ek altiten wurksum bleaun as neakenmodel en stripper. Sa stie se yn 2006 bgl. op 'e cover fan 'e Penthouse, en ek hat se op 'e cover stien fan Marquis, ien fan 'e wichtichste blêden yn 'e hoeke fan it fetisjisme. Yn 2011 en 2012 regisearre se sels trije pornofilms. Fierders hat se in hoart it populêre tillefyzjeprogramma En Attendant Minuit presintearre foar de Frânske stjoerder TPS. Ek wie se yn 2009 de offisjele ambassadrise fan 'e Hot d'Ors, en yn 2011 wie se ynhierd om hentai te promoatsjen op in stripkonvinsje yn it Frânske Angoulême. Yn maart 2013 wûn se in copyrightrjochtsaak tsjin 'e Amerikaanske rapper Lil Bow Wow, om't dy sûnder tastimming bylden fan har pealdûnsjen brûkt hie foar de fideoklip fan syn nûmer Drank In My Cup.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2004 FICEB Ninfa Award wûn bêste aktrise PokerWom
Venus Award wûn bêste Jeropeeske aktrise n.f.t.
European X Award wûn bêste Frânske aktrise n.f.t.
AVN Award wûn bêste anale sekssêne (fideo) (mei Giselle en Michael Stefano) Multiple P.O.V.
wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Steve Holmes) L'Affaire Katsumi
2005 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Roxy Jezel en Mr. Marcus) Up Your Ass 22
wûn bêste anale sekssêne (mei Lexington Steele) Lex Steele XXX 3
wûn bêste groepsekssêne (film) (mei Savanna Samson en Alex Metro) Dual Identity
wûn bûtenlânsk artyste fan it jier n.f.t.
2006 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Manuel Ferrara) Euro Domination 4
nominearre bêste orale sekssêne (fideo) (mei Jules Jordan) Ass Worship 7
nominearre skandalichste sekssêne Katsumi's Dirty Deeds
wûn bêste opfiering fan in striptiis Ass Worship 7
wûn bêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara) Cumshitters
wûn bûtenlânsk artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste ynteraktive dvd Virtual Katsuni
XRCO Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Lexington Steele) Lex Steele XXX 3
2007 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (fideo) (mei Nacho Vidal) Fashionistas Safado: The Challenge
wûn bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Jessica Drake, Felecia en Clara Ghergel) Fuck
wûn bêste byrol fan in aktrise (fideo) Fashionistas Safado: The Challenge
wûn bêste groepsekssêne (film) (mei 7 oaren) Fuck
wûn bûtenlânsk artyste fan it jier n.f.t.
FICEB Ninfa Award wûn bêste aktrise French ConneXion
2008 AVN Award nominearre bêste byrol fan in aktrise (fideo) Fashionistas Safado: Berlin
wûn bêste triosekssêne (mei Melissa Lauren en Rocco Siffredi) Fashionistas Safado: Berlin
wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei 9 oaren) Furious Fuckers Final Race
2009 AVN Award nominearre bêste lesbyske triosekssêne (mei Belladonna en Stoya) Pirates II: Stagnetti's Revenge
nominearre bêste anale sekssêne (mei Marco Banderas) Katsuni Minx
nominearre bêste byrol fan in aktrise Pirates II: Stagnetti's Revenge
Hot d'Or wûn bêste Frânske aktrise Pirates II: Stagnetti's Revenge
wûn bêste bloch fan in pornoaktrise n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Stoya, Shay Jordan, Riley Steele en Erik Everhard) Nurses
2011 AVN Award wûn bêste lesbyske groepsekssêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Raven Alexis en Riley Steele) Body Heat
wûn publykspriis foar meast idioate sekssêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Raven Alexis en Riley Steele) Body Heat
Xbiz Award wûn bûtenlânsk artyste fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste opfiering fan in striptiis Phat Bottom Girls 4
Xbiz Award wûn crossover-stjer fan it jier n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Asa Akira, Alanah Rae, Miles Long en Andy San Dimas) Girlfriends 4
2014 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.