Fietnamezen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Fietnamezen binne in folk yn Súdeast-Aazje dy't goed 86% fan de befolking yn Fietnam útmeitsje.

Sa'n 80 miljoen fan de nei skatting 86 miljoen Fietnamezen wenje yn Fietnam. Dêrneist binne der grutte kloften Fietnameeske minderheden yn de Feriene Steaten (tusken 1,2 en 1,5 miljoen), Kambodja en Laos (± 600.000), Frankryk (± 250.000), Austraalje (± 175.000), Kanada (± 150.000), Dútslân, Sina en Ruslân. Sûnt 1975 binne nei Nederlân ek inkele tûzenen Fietnameeske boatflechtelingen emigreare.

De Fietnamezen komme oarspronklik út de delta fan de Reade Rivier. Mear as dat is feitlik net bekend fan harren komôf. Tusken 500 en 200 foar Kr. kamen sy as etnyske kloft nei foaren út in smeltkroes fan folken, dêr't ûnder oaren seefarrenden út Oseaanje en ymmigranten út Aazje opgien wiene. Doe't hja in folk wurden wienen, lutsen de Fietnamezen stadichoan nei it suden. Se fêstigen harren op flakten en yn rivierdelta's, om begjin 18e ieu it suden fan de Mekong-delta te berikken. Harren lân, 1500 kilometer lang, leit as in grutte S fan de Sineeske grins oant-en-mei de Golf fan Tailân.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

De Fietnameeske taal heart wierskynlik ta de komplisearre Austro-Aziatyske taalfamylje fan it fêstelân fan Súdeast-Aazje, en is bot beynfloede troch de tûzenjierrige Sineeske oerhearsking. Yn de 17e ieu hawwe Jeropeeske misjonarissen in nije, op it Latynske alfabet basearre skrift yntrodusearre, dat de Sineeske karakters (chu nom en han tu) ferfongen hat as offisjeel skrift.

Religy[bewurkje seksje | edit source]

It konfusianisme/foarâldenferearing is de wichtichste godstsjinst; frijwol alle Fietnamezen hawwe thús wol in lyts alterke stean foar de ferstoarne foarâlden.

Ek it Mahayana-boedisme hat in protte oanhingers yn Fietnam. It Teravada-boedisme hat folle minder oanhingers. De noardlike, earste fariant kaam út Sina, de súdlike út Yndia. Boedistyske ynstellingen koenen frij harren eigen gong gean oant de komst fan it kommunisme yn de 20e ieu, doe't alle religieuze aktiviteiten ûntmoedige waarden.

It katolisisme, dat no noch mar trije miljoen oanhingers yn Fietnam hat, makket al mear as hûndert jier in bloeitiid troch, sûnt healwei de 19e ieu it lân in Frânske koloanje wurden wie.

Yn de earste desennia fan de 20e ieu ûntstie yn Fietnam de Cao Dai-religy, in kombinaasje fan taoïsme, boedisme, konfusianisme en kristendom.

Oar[bewurkje seksje | edit source]