Golf fan Tailân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Golf fan Tailân
Locatie Golf van Thailand.PNG
Lokaasje
See {{{see}}}
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte 320.000 km²
Djipte (maks.) m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte {{{djiptegem}}} m
Breedte
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte
Lingte {{{lingte}}}
Oer

De Golf fan Tailân is in ûnderdiel fan de Súd-Sineeske See. Maleizje, Tailân, Kambodja en Fjetnam lizze dêr omhinne. De totale oerflakte bedraacht om-ende-by 320.000 km². Yn it noarden, ek wol de Bocht fan Bangkok neamd, mûnet de rivier de Menam (ek: Chao Phraya) der yn út.

De trochsneed djipte is 45 meter en it djipste punt leit op 80 meter, wêrmei de Golf fan Tailân relatyf sjoen net djip is. Dêrtroch ferrint it fermingen fan swiet- mei sâltwetter ek stadich. De sterke wettertafier fan grutte rivieren, lykas de Menam, makket ek dat it wetter yn de golf net sa sâlt is en in protte sedimint befettet.

Troch de tropyske waarmte fan it wetter fan de golf komme der in protte koraalriffen voor. De golf is foarme nei de lêste iistiid yn it gebiet dêr't de Menam eartiids trochhinne meändere.