FICEB Award

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan FICEB Ninfa Award)
FICEB Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Spaansk
útrikt foar pornografyske film
útrikt troch Ynternasjonaal Eroatysk Film-
   festival fan Barseloana
frekwinsje 1x jiers
plak L'Hospitalet de Llobregat (Spanje)
1e útrikking 2001
offisjele webside
www.ficeb.com

De FICEB Awards binne in groep Jeropeeske prizen dy't sûnt 2001 ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films. Dizze prizen wurde útrikt op it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barseloana, oftewol it FICEB (Katalaansk: Festival Internacional de Cinema Eròtic de Barcelona). Dat is in jierliks evenemint dat bestiet sûnt 1992, en dat yn ferliking mei it oare grutte Jeropeeske pornografyske filmfestival, it Hot d'Or-filmfestival yn it Frânske Cannes (dat ûnderwilens út 'e tiid rekke is), minder eksklusyf en mear alles omfiemjend neamd is. It duorret fiif dagen en omfettet opfierings fan stripteases en live seksshows, linzjerymoadeshows en in seksproduktebeurs. Yn 'e jierren 2005 en 2006 besochten yn trochsneed 50.000 minsken dit evenemint.

In stripper fiert in striptease út op it FICEB fan 2006.

Sûnt 1997 wurdt it FICEB holden yn it La Farga-sealesintrum yn L'Hospitalet de Llobregat, de grutste foarstêd fan 'e Katalaanske haadstêd Barseloana. De útsûndering op dy regel wie 2008, doe't it gemeentebestjoer fan L'Hospitalet de Llobregat yn in kontroversjele ûnwikkeling ynienen besleat om 'e fergunning foar it festival net te fernijen, sadat de organisaasje dat jiers útwike moast nei de Spaanske haadstêd Madrid. Sûnt 2005 genietet it FICEB offisjele erkenning fan it regear fan 'e autonome regio Kataloanje.

Der besteane trije soarten FICEB Awards, dy't elkmis wer ûnderferdield binne yn in stik as tweintich ûnderskate kategoryen: de Ninfa (Katalaansk foar "Nimf") foar heteroseksuële (en lesbyske) pornografy; de HeatGay foar (manlike) homoseksuële pornografy; en de Tacón de Aguja ("Hege Hakke") foar pornografy op it mêd fan bondaazje, s.m. en oare foarmen fan seksueel fetsjisme. Under de pornoaktrises dy't alris in FICEB Ninfa Award wûn hawwe, binne Belladonna, Katsuni, Rita Faltoyano, Tarra White, Gina Lynn en Sylvia Saint.


Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.