Joadske mienskip fan Frjentsjer

Ut Wikipedy

De Joadske mienskip fan Frjentsjer wie de mienskip fan 'e Joaden dy't foarhinne yn 'e Fryske stêd Frjentsjer wennen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frjentsjer hie nea in grutte Joadske mienskip. De earste Joaden ferbleaune der fan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw ôf, doe't se oan 'e protestantske Universiteit fan Frjentsjer holpen mei it drukken en útjaan fan Hebriuwsktalige religieuze geskriften. Yn 1658 krige de earste Joad it rjocht om him yn Frjentsjer nei wenjen te setten. Der wiene letter ek ferskate Joaden dy't oan 'e Universiteit fan Frjentsjer medisinen studearren. Yn 1747 behelle de earste fan harren syn doktoraat.

Pas oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw ûntstie der yn 'e stêd in lytse Joadske gemeente. Dy wie lykwols nea sa grut as de gemeenten yn Ljouwert, Snits, Harns of sels op De Gordyk. Om 1830 hinne waard de Joadske gemeente fan Frjentsjer dêrom by dy fan Harns foege. Op it hichtepunt, yn 1869, wennen der 38 Joaden yn Frjentsjer.

Yn 1941, oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch, bestie de Joadske mienskip yn Frjentsjer neffens offisjele sifers noch út 24 persoanen. Dat kaam benammen om't yn 1935 yn it eardere stasjon fan de lokaalspoarline oan 'e Harnzerwei in Israelityske Lânbouskoalle oprjochte wie foar sionisten dy't Palestina kolonisearje woene. Dêr waarden yn septimber 1941 by in razzia troch de Dútske besetters en de Nederlânske plysje tweintich studinten oppakt, formeel op 'e beskuldiging fan it hamsterjen fan iten. Seis net-Joadske studinten waarden gau wer frijlitten, wylst de Joaden net folle letter nei de konsintraasjekampen deportearre waarden. Ien inkele Joadske studint, Morris Schnitzer (b. 1922) wist troch de efterdoar út te naaien nei't er tastimming krigen hie om syn identiteitsbewiis op te heljen. Hy oerlibbe de oarloch en stie yn 2002 yn syn autobiografy My Three Selves wiidweidich by de razzia stil.

Ek út it Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer, oan 'e Akademystrjitte, waarden troch de Dútsers inkele kearen Joadske pasjinten ophelle. Meubelmakker Bernardus Leijdesdorff en syn frou Ester Pais, dy't yn 1941 eins de iennichste Joaden yn 'e stêd wiene, dy't mei in meubelsaak oan 'e Bredepleats echt in bân mei Frjentsjer hiene, oerlibben de Twadde Wrâldoarloch. Hja sieten ûnderdûkt yn Grou, dêr't se yn 1945 de befrijing meimakken.

Oarlochsdeaden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De leden fan 'e Joadske mienskip fan Frjentsjer dy't omkamen yn 'e Holokaust, wiene:

adres namme berte ferstjerren âldens opmerkings
Akademystrjitte 10 Leentje Grootkerk Ljouwert, 27 aug. 1877 Sobibor, 20 mrt. 1943 65 jier ôffierd út it Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer
Schoontje Woudstra Weststellingwerf, 13 juny 1885 Sobibor, 23 apr. 1943 57 jier
Harnzerwei 45 Eleazer Asscher Amsterdam, 8 apr. 1920 Eindhoven, 14 july 1945 25 jier oppakt by in razzia op 'e Israelityske Lânbouskoalle
Malvine Brandweiner Wenen, 20 sept. 1921 Auschwitz, 30 sept. 1942 21 jier
Benno Benjamin Freimann Freuchtlingen, 27 july 1914 Dachau, 18 jann. 1945 30 jier
Walter Goldschmidt Verden, 21 febr. 1921 Auschwitz, 19 aug. 1942 21 jier
Mortiz Heller Hannover, 1 juny 1915 Bergen-Belsen, 1 mrt. 1945 29 jier
Hans Martin Kohn Breslau, 27 des. 1920 Auschwitz, 1 aug. 1942 21 jier
Erich Joseph Levy Hamburch, 7 des. 1919 Auschwitz, 1 aug. 1942 22 jier
Isidor Malz Saarbrücken, 24 aug. 1920 Auschwitz, 1 aug. 1942 21 jier
Helmuth Wolff Posen, 31 mrt. 1912 Sobibor, 26 mrt. 1943 30 jier
Otto Zeichner Klagenfurt, 19 febr. 1921 Auschwitz, 11 aug. 1942 21 jier

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dijkstra, Tsjomme, Het lot fan de joden in Franeker, yn: de Ljouwerter Krante, 4 maaie 2020, s. 8-9.