Jemmingen
Jemgum (Nederlânsk, ferâldere Jemmingen) is in gemeente yn de Dútse dielsteat Nedersaksen, yn it distrikt Leer, oan de Iems. Se hat 3643 ynwenners (2007). De gemeente foarmet mei de buorgemeenten Bunde en Weener, en it doarp Bingum yn de gemeente Leer, ít Dútse diel fan de streek Reiderlân yn East-Fryslân.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Plakken yn de gemeente Jemgum
De gemeente bestiet út alve kearngebieten (Ortsteilen):
[bewurkje seksje] Buorgemeenten
De gemeente Jemmingen grinzet oa Bunde, Weener, Leer en Moormerland.
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn 1533 en 1568 wienen by Jemgum twa fjildslaggen, wêrfan foar Nederlân de slach by Jemmingen út 1568 de wichtichste is.
De hjoeddeiske gemeente Jemgum is ín fúzje fan 11 eartiids selsstannige (sjoch hjirboppe) dy't yn 1973 gearfoege waarden ta de nije gemeente Jemgum. It haadplak Jemgum is stifte yn de 8e ieu.
[bewurkje seksje] Polityk
Njonken it gemeentehûs yn Jemgum is der in gemeenteloket yn it doarp Ditzum.
[bewurkje seksje] Gearstalling gemeenteried
De gemeenteried fan Jemgum bestiet út 14 leden. Dêrneist is de keazen boargemaster fan rjochtswegen ek lid fan de gemeenteried. Gearstalling fan de gemeenteried:
| Partij | Sitten |
|---|---|
| SPD | 8 |
| CDU | 4 |
| FDP | 2 |
| Boargemaster | 1 (fan rjochtswegen) |
| Totaal | 15 |
[bewurkje seksje] Trivia
De toer fan Midlum stiet skeaner as de Toer fan Pisa efterinoar 6,74° en ± 4°.