Toer fan Pisa

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Toer fan Pisa

De (skeve) Toer fan Pisa is de frijsteande klokketoer by de katedraal fan Pisa. De toer is ien fan de ûnderdielen fan it Camp dei Miracoli. De boumasters wienen Gugilmo en Buonanno. De bedoeling wie om in fertikale toer te bouwen mar al koart nei it begjin fan de bou yn augustus 1173 begûn er oer te hingjen.

De toer is 55.86 meter heech en it gewicht is likernôch 14.453 ton. De skeante is no likernôch 10%. De toer hat 297 treden.

Op 27 febrewaris 1964 frege it Italjaanske regear om help om te soargjen dat de toer net omfalle soe. Op 7 jannewaris 1990 is de toer sletten fanwegen de feiligens. De toer is dêrnei restaurearre om de skeante te ferminderjen. Dat hat tsien jier duorre, mar sûnt 15 desimber 2001 is de toer wer iepen foar publyk.

De eksperts binne derút dat de toer de earste trije ieuwen net ynstoarte sil. "De toer is opnij feilichsteld", sei professor Carlo Viggiani fan de universiteit fan Napels yn de Italjaanske media. Professor Michele Jamiolkowski, de yngenieur dy’t de renovaasje late, hat sein dat de 800-jierrige toer yn septimber 2003 foar it earst wer stabyl is. De lêste faze fan de renovaasje hat 28 miljoen euro koste. De eksperts hawwe de fûneminten fan it gebou fersterke en de toer 44 sintimeter oerein lutsen. It oerhingjen is no wat mear as fjouwer meter. De toer hielendal rjochtsette hawwe se net dien, dat soe net goed wêze foar it toerisme. De toer sjocht er itselde út as yn 1800.

Bou[bewurkje seksje | edit source]

De toer fan tichtby

De toer is yn trije stappen opboud yn in tiidrek fan 200 jier. De konstruksje fan de earste ferdjipping begûn op 9 augustus 1173. Nei de bou fan de tredde ferdjipping yn 1178 hong de toer oer. It wurk oan de toer hat doe likernôch hûndert jier stillein, wylst de ynwenners fan Pisa oan it fjochtsjen wienen mei Genua en Florâns. Dat hat de grûn de tiid jûn om te setten. Wie de toer yn ien kear ôfboud dan wie er wis omfallen.

Yn 1272 waard de bou ferfette troch Giovanni de Simone. Doe wie al te sjen dat de earder boude ferdjippings skeef wiene. Troch by de folgjende ferdjipping mear mortel te brûken oan de oare kant, wie de hoop dat de toer wer rjocht wurde soe. De bou waard opnij stillein yn 1284.

Yn 1372 is de toer ôfmakke, mei de bou fan de lêste ferdjipping. De toer wie doe al frij skeef. Der is doe opnij besletten om dit konstruktyf op te lossen troch de boppeste ferdjipping opnij te bouwen en dan rjocht.

Galileo Galilei hat yn 1609 boppe-op de toer demonstrearre hoe at in teleskoop wurket. It ferhaal giet dat Galileo ek spullen fan de toer nei ûnder goaide om de fal-eigenskippen bestudearje te kinnen, mar oer it algemien wurdt dit as in mite beskôge.

Eksterne ferwizing[bewurkje seksje | edit source]