Irminsul

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Neimakke Irminsul mei in sinnetsjel boppe-yn, oprjochte 1996 yn de gemeente Harbarnsen-Irmenseul, Nedersaksen

De Irminsul wie eartiids in wichtich hillichdom fan de Saksen, in Germaansk folk dat yn it noarden fan Dútslân wenne. Karel de Grutte ferneatige de Irminsul yn syn kriich tsjin de Saksen.

It hillichdom wurdt neamd en yn't koart omskreaun yn de Annales regni Francorum, de Translatio St. Alexandri fan Rudolf fan Fulda en yn de Gesta Hammaburgensis ecclesiae pontificum (Boek I, haadstik 8) fan Adam fan Bremen. Yn dy boarnen wurdt de Irminsul omskreaun as in grutte, oprjochte houten stamme dy't neffens de Saksen de hiele wrâld stipe.

De Irminsul wurdt wol ferlike mei Yggdrasil-beam út Noarske mytology: de wrâldbeam dy't syn woartels yn de ûnderwrâld hat en mei syn tûken it dak fan de wrâld steunt. Neffens Rudolf fan Fulda en Adam fan Bremen moat Irminsul oerset wurde as “al-pylder” (Latyn: columna univeralis), omdat it 'alles steunt', mar it wurdt ek wol yn ferbân brocht mei (net oerlevere) Germaanske god Hirmin of Irmin.

Wat lokaasje oangiet, se binne der noch lang net út wêr't in no krekt lein hat. Sawol Eresburch en it Teutoburgerwâld wurde neamd as mooglike plakken fan it hillichdom.

Friezen[bewurkje seksje | edit source]

Ek yn it leauwen fan de Friezen, dat nau besibbe wie oan dat fan de Saksen, wienen hillige beammen tige wichtich. De beammen waarden allyksa ferneatige mei de komst fan it kristendom.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]