Germaanske mytology

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Odin rydt it Valhalla yn op hynst Sleipnir, ôfbylde op de Tjängvide-stien.

De Germaanske mytology beskriuwt de ferhalen dy't by de foar-kristlike Germanen de rûnte diene oer de oarsprong en de skiednis fan de goaden, de wrâld en de minsken. Yn de Germaanske mytology wurdt ûnderskied makke tusken Germaansk en Noard-Germaansk of Skandinavysk. Dy mytologyen lykje in soad op inoar, mar der binne lykwols inkelde ferskillen. Sa binne der yn Skandinaavje Frigg en Freya twa ferskillende, mar wol dúdlik oaninoar besibbe goadinnen, wylst sy yn de Germaanske mytology mar ien goadinne is.

Yn it Germaanske skeppingsferhaal wurdt de himel troch fjouwer Ierdmantsjes ûndersteund, Nordry, Sudry, Austry en Vestry. Dêr is hiel dúdlik de oerienkomst yn te sjen mei de fjouwer wynrjochtings noard, súd, east en west.

Godheden en oare entiteiten[bewurkje seksje | edit source]

Begrippen[bewurkje seksje | edit source]

Wikedagen en feestdagen[bewurkje seksje | edit source]

Om't it ferbân tusken de wikedagen en de, sichtbere, himellichems yn West-Jeropa net bekend wie, waarden de planetenammen almeast oerset yn de betsjuttings fan goadenammen. Sa hjitte snein en moandei nei de sinne en de moanne, en sneon sinnejûn, wylst de oare dagen nei goaden hjitte: tiisdei komt Tiwaz-dei, woansdei is ferneamd nei Weda, Wodan, tongersdei nei Tonger, Thor en freed nei Freya.

In soad nammen, begripen en brûkmen dy't yn ús hjoeddeiske maatskippij foarkomme, stamje noch út ús heidenske foarskiednis: sa binne de hjeldagen lykas Peaske en Krysttiid ferkristlike foarmen fan heidenske jiertiidsfeesten, it midwinterfeest en it maitiidsfeest.

Sa liket ús Sinteklaas in protte op Weda, Wodan (Skandinaavje: Odin) sa as dy te sjen is op inkelde ôfbyldings. Foarbylden dêrfan binne syn burd, hoed (ferfongen troch in miter), spear (no: stêf) en mantel. Boppedat rydt Weda ek yn de loft op in griis hynder, Sleipnir neamd, lykas Sinteklaas oer de dakken op syn skimmel. It struien mei letters wurdt wol keppele oan it feit dat Weda de minske de runetekens jûn hat.

Njoggen wrâlden[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]