Yggdrasil

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dizze yllustraasje lit sjen in 19e ieuske besykjen om de kosmogony te fisualisearjen dy't yn it proaza Edda beskreaun wurdt.

Yggdrasil is de namme fan de 'Wrâldbeam' yn de Noarske kosmogony. De namme lit him letterlik oersette as 'hynder fan Yggr', oftewol 'hynder fan Odin', en ferwiist nei de fûle libbenskrêft dy't him draacht en oeral hinne fiert.

Yggdrasil is de libbensbeam en kennisbeam, it symboal foar de einleaze fertakjende foarm fan dat wat is. Tagelyk draacht en ferbynt it de wrâlden as wrâldas (axis mundi). Dy lit tagelyk it paad nei it hegere sjen, de wei dy't de sjamaan folget om yn de wrâld fan goaden en geasten te kommen. Hy rikt fan de ûnderwrâld dwers troch de minskewrâld nei de wrâld fan de goaden en helden.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]