Emanuel Swedenborg
Emanuel Swedenborg (Stockholm, 29 jannewaris 1688 - Londen, 29 maart 1772) wie in Sweedske wittenskipper, filosoof en teolooch. Hy wie in ynternasjonaal ferneamd wittenskipper, mar skreau ek oer de boppenatuerlike wurklikheid dêr't er in protte oergeunst op de hals helle.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Libben
De famylje Swedenborg wie fan aadlik komôf, Jesper Swedenborg, de heit wie biskop en professor oan de universiteit fan Uppsala. Emanuel wie it tredde bern fan it gesin en telde acht jier doe't syn mem ferstoar. Syn hei troude opnij en krige yn totaal acht bern.
Nei syn universitêre stúdzje te Uppsala dêr't er filosofy, wiskunde, wittenskippen, Latyn, Gryksk en Hebrieusk studearre folge hy in grut tal oare opliedingen. Hy studearre fysika, astronomy, waard boekbiner en makke muzykynstruminten. Ek ynteressearre hy him foar kosmology, anatomy, fysiology, polityk, ekonomy, metallurgy, mineralogy, geology en skiekunde en nei 1743 fral ek foar godstsjinst, esotery en mystyk.
Swedenborg bestudearre de harsens en de endokriene klieren. Guons fan syn ûntdekkingen waarden pas yn de tweintichste ieu befestigde as just/wurkber. Swedenborg wie de earste dy foarstelde om it metryk stelsel yn Jeropa yn te fieren.
Oan Swedenborgs sjeny kaam mar gjin ein. Hy makke ûntwerpen foar fleantugen, dûkboaten, wapens, loftpompen, ensfh. Swedenborg wie ek hiel bot ynteressearre yn spiritualiteit. Hy besocht sels in rasjonele ferklearring te finen foar de wurking fan de siel. Yn de jierren 1744 en 1745 krige Swedenborg in rige ‘fisioenen’ dy't in djippe ynfloed op him makke. Dat barde neidat er yn 1743 in slimme krisis ûnderfûn. Sûnt 1745 ferbleau der oant syn dea yn Londen. Dêr skreau der in 30-dielich wurk oer teology.
[bewurkje seksje] Ynfloed
Swedenborg hie in grut tal bewûnderers, yn syn eigen tiid en de tiid dernei û.o.William Blake, Ralph Waldo Emerson, William James en Carl Jung. In tsjinstanner fan him wie Immanuel Kant dy't yn in skotskrift Dreamen fan in geastensjogger besocht hat Swedenborgs reputaasje yn de wittenskiplike wrâld omleech te bringen.
Swedenborg hat nea besocht in oarder of selskip op te rjochten. Nei syn dea hawwe in oantal fan syn bewûnderers yn Ingelân in organisaasje stipe ûnder de namme ‘Church of the New Jeruzalem’. Dat wie yn Londen yn 1783. yn 1788 telde dizze al in grut tal leden dy't harren yn in timpel ferienen. Yn de Feriene Steaten is de organisaasje bekend wurden as de ‘Rite of Swedenborg’ en waard oprjochte yn 1859. Fan New York út hat de Ritus har fierders oer de wrâld útwreide. Yn Nederlân bestiet in Swedenborg-selskip yn De Haach dy't alle wurken fan Swedenborg (yn it tiidrek 1910-1970) oersetten hat. Opfallend is dat Jakob Lorber yn syn boek De Geestelijke Zon diel 2, (1846) haadstik 14, Swedenborg neamd en mooglik in ferwizing nei de profeet Danjel as reynkarnaasje fan Swedenborg jout.
[bewurkje seksje] De wurken fan Swedenborg
- Principia rerum naturalium (1734),
- Oeconomia regni animalis (1740-1741),
- De cultu et amore Dei (1745),
- Arcana coelestia (1749-1756),
- De coelo et de inferno (1758),
- De divino amore et de divina sapientia (1763),
- Apocalypsis Revelata (De Openbaring Onthuld) (1766), NL = 1964
- De amore conjugali (1768),
- Vera christiania religio (1771)
- Diarium spirituale (postúm)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|