Christopher Marlowe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Anonym portret; der wurdt oannaam dat it Christopher Marlowe sjen lit
Hânskrift fan Christopher Marlowe; hântekening ûnder in testamint 1585, Canterbury

Christopher Marlowe, bynamme Kit (Canterbury, doopt 26 febrewaris 1564Deptford, 30 maaie 1593) wie in wichtich Ingelsk dichter, toanielskriuwer en oersetter. Hy wie in tiidgenoat fan William Shakespeare, dy't ek fan him beynfloede waard, en keninginne Elisabeth I.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Marlowe wie in soan fan yn skuonmakker John Marlowe en Catherine yn Canterbury. Hy studearre mei in beurs yn Cambridge dêr't er syn Bachelor of Arts-graad helle yn 1584 en wenne fan sa'n 1586 ôf yn Londen.
Yn Londen joech er him by The Lord Admiral's Company ûnder lieding fan de ferneamde akteur Edward Alleyn en sette útein mei it skriuwen fan toanielstikken. Hy krige suver fuortendaliks súkses en skynt befreone west te hawwen mei Thomas Kyd. Ek sir Walter Raleigh wie in freon en lju as Thomas Harriott, de ferneamde astronoom, en de toanielskriuwer Matthew Royden wiene kunde fan him.

Old Court fan Corpus Christi College, Cambridge, dêr't Marlowe as studint húsmanne

Oer syn libben witte wy net folle en alline út yndirekte boarnen. Op 18 maaie 1593 kaam der in arrestaasjebefel foar Marlowe. In reden dêrfoar waard net jûn, mar der wurdt wol tocht dat der in ferbân wie mei beskuldiging fan godslaster. Op 20 maaie waard er foar it gerjocht ûnderfrege. In ferslach dêrfan is der net; hy moast lykwols alle dagen dêrnei foar de rjochtbank ferskine oant "licensed to the contrary." Tsie dagen letter wurdt er deastutsen troch Ingram Frizer yn de herbech van Eleanor Bull yn Deptford. Oft dat te meitsjen hie mei syn arrest is nea dúdlik wurden.[1] Guon wolle hawwe dat in diskusje oer "the reckyninge" fataal foar Marlowe betearde of dat er jaloerskens yn it spul wie [2]. Yn alle gefallen waard Frizer frijsprutsen.

Styl en ynfloeden[bewurkje seksje | edit source]

Al yn syn studintetiid skreau er 'Tamburlaine'. Doe al foel syn styl fan skriuwen yn blanke ferzen op. It blanke fers bestie al, mar Marlowe makke it folle krêftiger. Hy befrijde it fan it couplet dat rymje moast en liet syn persoanaazjes floeiende ritmyske lijnen vertolken in jambyske pentameters:

("Stand still, you ever-moving spheres of heaven,/that time may cease and midnight never come./Fair nature's eye, rise, rise again, and make/perpetual day.").

Tiidgenoat en kollega Ben Jonson priizge him om dy "mighty line" wêr't er de Ingelske poëzy mei ferrike hie.

In soad skriuwers nei him, ek Shakespeare, folgen him nei wat dat oanbelanget. It frijwat antisemityske The Jew of Malta behannelet min ofte mear itselde tema as Shakespeare syn The Merchant of Venice. Marlowe is ek ferneamd as skriuwer fan it earste histoaryske stik yn de Ingelske literatuer: Edward II. 'The tragical history of dr. Faustus' wie de earste toanielferzje fan it Faust-ferhaal.

Marlowe en Shakespeare[bewurkje seksje | edit source]

Marlowe is ien fan de kandidaten dy't nei foaren skood is troch in groep fan anti-Stratfordianen, dy't leauwe dat hy de wiere auteur fan Shakespeare's wurk west hat. Yn akademyske rûnten is mar in bytsje stipe foar datsoarte teoryen.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Toaniel[bewurkje seksje | edit source]

  • The Tragical History of Doctor Faustus
  • The Jew of Malta
  • Tamburlaine
  • Edward II (toanielstik)
  • The Massacre at Paris
  • Dido, Queen of Carthage

Poëzy[bewurkje seksje | edit source]

  • The Passionate Shepherd to His Love
  • Hero and Leander (1593, yn 1598 foltôge troch George Chapman)

Oersettingen[bewurkje seksje | edit source]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ingelsktalige Wikipedia, Christopher Marlowe
  • Nederlânsktalige Wikipedia, Christopher Marlowe
  1. Nicholl, Charles (2006). "By my onely meanes sett downe: The Texts of Marlow's Atheism", in Kozuka, Takashi and Mulryne, J.R. Shakespeare, Marlowe, Jonson: new directions in biography. Ashgate Publishing, s. 153.
  2. Nicholl, Charles (1995). The Reckoning: The Murder of Christopher Marlowe. ISBN 0-226-58024-5.