Edward Alleyn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Edward Alleyn

Edward (Ned) Alleyn (Bishopsgate (Londen), 1 septimber 1566 - Londen, 25 novimber 1626) wie in Ingelsk akteur dy't mei Richard Burbage rekkene wurdt ta de grutste akteurs yn it Ingelske teater yn de tiid fan Elisabeth I en William Shakespeare.

Alleyn wie in soan fan in herbergier, fan wa't er ek erfgenamd wie. Yn 1583 wurdt er neamd by de leden fan teatergroep Worcester's Men, dy't ûnder beskerming fan William Somerset stie, de 3e greve fan Worcester.

Alleyn berikte it hichtetepunt fan syn karriêre yn de njoggentigerjierren, doe't er yn Philip Henslowe syn de Admiral's Men spile. Hy spile ûnderoaren yn stikken fan Christopher Marlowe, dy't faaks apart foar him skreun wiene, sa as Doctor Faustus en Tamburlaine. Hy waard priizge troch ûnder oaren kritikus en toanielskriuwer Ben Jonson, dy't sels yn it selskip spile en dêrfoar ek skreau.

Op 22 oktober 1592 troude Alleyn mei Joan Woodward, in styfdochter fan Philip Henslowe. Dêrnei rekke er saaklik belutsen by Henslowe's ûndernim en tegearre hâlden sy ferskate teaterhuzen yn it wurk en ek oare ûndernimmingen yn de ferdivedaasjeyndustry sa as bordelen en gelegenheden foar bistefjochterij.

By de fan Henslowe boude teaters sieten The Rose yn Bankside en The Fortune yn St Luke's, beide spylplakken fan de Admiral's Men. Alleyn stoppe mei aktearjen yn 1598, mar begûn koart skoft letter op'en nij, miskyn op fersyk fan Elisabeth I sels. Yn 1604 luts er him foarfêst werom as akteur.

Beide, Henslowe en Alleyn waarden ryk fan har kombinearre aktiviteiten. Alleyn brûkte syn fermogen ek foar maatskiplike saken, benammen it stichtsjen fan it Dulwich College, in public school yn Londen dy't der noch altyd is.

Alleyns wiif stoar 1623. Itselde jier boaske er oan Constance, in dochter fan de dichter John Donne.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]