KristenUny
| KristenUny | |
|---|---|
| Partijlieder | Arie Slob |
| Partijfoarsitter | Peter Blokhuis |
| Oprjochting | 2001 |
| Haadsit | De Haach |
| Ledetal | 26.441 (2010)[1] |
| Jongereinorganisaasje | PerspectieF |
| Rjochting | Sintrum |
| Ideology | Kristlik-sosjaal |
| Wittenskiplik buro | Mr. G. Groen van Prinsterer Stichting |
| Europeeske fraksje | EKR |
| Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan | |
| Webside | www.christenunie.nl |
De KristenUny (CU) is in kristlik-sosjale Nederlânske politike partij fan ortodoks-protestantske sinjatuer, dy't fertsjintwurdige is yn de Earste en Twadde Keamer en yn provinsjale en gemeentlike bestjoeren. De KristenUny is yn it Jeropeesk Parlemint fertsjintwurdige mei ien sit.
Fan 22 febrewaris 2007 ôf wie de KristenUny mei it CDA en de PvdA part fan it Kabinet-Balkenende IV. Op 20 febrewaris 2010 stapten de PvdA-bewindslieden nei in skeel oer Taskforce Uruzgan út dit kabinet, wêrnei't CDA en CU yn in demisjonêr kabinet fierder gienen.
De politike jongereinorganisaasje fan de KristenUny is PerspectieF.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Stânpunten
[bewurkje seksje] Grûnslach
De Unyfundearring fan de Kristenuny is:
- De ChristenUnie erkent Gods heerschappij over het staatkundig leven, dat de overheid door God is gegeven en in zijn dienst staat en dat christenen de verantwoordelijkheid hebben actief te zijn in de samenleving. Zij fundeert haar politieke overtuiging op de Bijbel, het geïnspireerde en gezaghebbende Woord van God, die door de Drie Formulieren van Eenheid wordt nagesproken en die ook voor het staatkundig leven wijsheid bevat.
De ferwizing nei de Trije Formulieren fan Ienheid leit gefoelich by in protte kristenen, omdat dêryn ûnder oaren de folwoeksenedoop fersmiten wurdt. Yn de Heidelbergske Kategismus wurdt de rooms-katholieke earetsjnst oantsjut as "paapske mis" en as "ferflokte ôfgoderij". Foar in soad katoliken is dit noch in drompel foar lid wurden fan de partij.[2] Sels ferklearret de partij dat de ferwizing net bedoeld is om yn te stimmen mei de Trije Formulieren, mar om yn te stimmen mei de "politike oertsjûging fan de KristenUny dy't fuorkomt út dit gedachteguod".[3] Yn de KristenUny is men benaud dat it fuortheljen fan de ferwizing ferdieldheid fan gefolgen hawwe kin. Fraksjefoarsitter Arie Slob sei dêroer: "We moeten dit ook niet forceren, met als gevolg dat er verdeeldheid in de partij ontstaat".[2]
[bewurkje seksje] Organisaasje en leden
De KristenUny hat in federative struktuer. De lokale partijen binne selstannige ferienings mei in folslein foech en gjin ôfdielingen fan de lanlike partij, sa't by in protte oare partijen wol it gefal is. Dizze pleatslike ferienings foarmje de leden fan de lanlike feriening.
| Leden lokale KristenUnys | |
|---|---|
| Jier | Oantal leden |
| 1 jannewaris 2002 | 27.250 |
| 1 jannewaris 2003 | 27.000 |
| 1 jannewaris 2004 | 25.074 |
| 1 jannewaris 2005 | 24.235 |
| 1 jannewaris 2006 | 24.156 |
| 1 jannewaris 2007 | 26.673 |
| 1 jannewaris 2008 | 27.683 |
| 1 jannewaris 2009 | 26.745 |
| 1 jannewaris 2010 | 26.441 [4] |
| Bron: ChristenUnie - ledentallen (DNPP) | |
[bewurkje seksje] Partijfoarsitter
Partijfoarsitter sûnt 2005 is Peter Blokhuis.
| partijfoarsitter | fan | oant | tsjerke |
|---|---|---|---|
| Thijs van Daalen | 22 jannewaris 2000 | 9 april 2005 | NGK |
| Peter Blokhuis | 9 april 2005 | no | PKN |
[bewurkje seksje] Twadde Keamer
De Twadde Keamer fraksje bestiet sûnt de Twadde Keamerferkiezingen fan 2010 út fiif persoanen (de ynstalaasje fûn plak op 17 juny 2010):
- Arie Slob (fraksjefoarsitter)
- Cynthia Ortega-Martijn
- Carola Schouten
- Joël Voordewind
- Esmé Wiegman-van Meppelen Scheppink
[bewurkje seksje] Earste Keamer
De Earste Keamerfraksje bestiet sûnt de Earste Keamerferkiezingen 2007 út fjouwer persoanen (ynstalearre op 12 juny 2007):
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
- Webside KristenUny
- KristenUny op www.parlement.com
- Wittenskipplik ynstitút fan de KristenUny
- Fraksje KristenUny Europeesk parlemint
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|