Behati Prinsloo
Behati Prinsloo | ||
model | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Behati Prinsloo | |
nasjonaliteit | Namibysk | |
berne | 16 maaie 1988 | |
berteplak | Grootfontein (Súdwest-Afrika) | |
etnisiteit | Afrikanersk | |
wurkpaad | ||
soarte model | mannekên, fotomodel | |
jierren aktyf | 2005 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Behati Prinsloo (útspr.: [bi'a:ti prɪnslo:], "biati prinslo"; Grootfontein, 16 maaie 1988) is in blank Namibysk fotomodel en mannekên fan Afrikaner komôf. Hja is fral bekend as it gesicht fan it linzjerymerk Victoria's Secret, wêrfoar't hja ûnder oaren it sub-label Pink fertsjintwurdiget.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prinsloo waard yn 1988 berne yn Grootfontein, yn wat doe noch it Súdafrikaanske mandaatgebiet Súdwest-Afrika wie. (Dat waard lykwols yn 1990 ûnôfhinklik ûnder de namme Namybje.) Hja is de dochter fan Boet en Magda Prinsloo, dy't beide fan etnysk Afrikaner komôf binne. Har heit is predikant, wylst har mem in bêd en brochje runt. Prinsloo har memmetaal is Afrikaansk; it Ingelsk is foar har in twadde taal dy't se oanleard hat op 'e legere skoalle.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't se yn 2005 mei sechstjin jier op fakânsje wie yn Kaapstêd, yn Súd-Afrika, waard se "ûntdutsen" troch Sarah Doukas, de oprjochtster fan Storm Model Management en deselde dy't ek topmodel Kate Moss ûntdiek. Dêrmei sette Prinsloo har karriêre as model útein. Hja rûn as mannekên mei yn withoefolle moadeshows, û.m. foar topmerken as Chanel, Prada en Louis Vuitton.
Fierders stie se op 'e omslach fan û.o. de Amerikaanske, Meksikaanske, Russyske en Spaanske Vogue en fan 'e Frânske, Italjaanske en Sweedske Elle. Teffens wurke Prinsloo mei oan advertinsjekampanjes fan merken as Adore, Chanel, H&M, Hugo Boss, Marc by Marc Jacobs, Lacoste, Tommy Hilfiger en Gap.
Yn 2007 wurke Prinsloo foar it earst foar it linzjerymerk Victioria's Secret, dêr't se it gesicht waard fan it sub-label Pink. Dêrnjonken waard se yn 2008 ien fan 'e saneamde Victoria's Secrets Angels, en yn dy hoedanichheid iepene se de jierlikse moadeshow fan it merk yn 2014. Yn 2012 stie Prinsloo op it tolfde plak fan 'e ranglist fan 'e meast seksy modellen fan 'e wrâld fan 'e webside Models.com. Datselde jiers waard se it gesicht fan it Australyske baaikleanmerk Seafolly.
Njonken har modellewurk hat Prinsloo ek meiwurke oan ferskate fideoklips, wêrûnder dy fan it nûmer Rich Girls, fan 'e band The Virgins, en twa nûmers fan 'e band Maroon 5. Teffens spile se harsels yn 'e ôflevering Ha'awe Make Loa fan 'e Amerikaanske plysjesearje Hawaii Five-0.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prinsloo is goed befreone mei it Kanadeeske model Coco Rocha en mei har Victoria's Secret-kollega's Candice Swanepoel en Lily Aldridge. Fan 2005 oant 2012 hie se in relaasje mei it Britske model Jamie Strachan. Yn 2012 begûn se om te gean mei Adam Levine, de lead-sjonger fan 'e band Maroon 5, oan wa't se har yn july 2013 fersei. Prinsloo en Levine trouden op 19 july 2014 yn Meksiko.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | titel | rol | opmerkings |
---|---|---|---|
2012 | Hawaii Five-0 | as harsels | ôflevering: Ha'awe Make Loa |
jier | titel | artyst |
---|---|---|
2009 | Rich Girls | The Virgins |
2014 | Animals | Maroon 5 |
2015 | This Summer's Gonna Hurt Like a Motherfucker |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Fashion Model Directory
- (in) Folsleine filmografy fan Behati Prinsloo yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|