Bad Samaritan (film)

Ut Wikipedy
Bad Samaritan
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Dean Devlin
produsint Dean Devlin
Rachel Olschan
Marc Roskin
senario Brandon Boyce
kamerarezjy David Connell
muzyk Joseph LoDuca
filmstudio Legion M
distribúsje Electric Entertainment
spilers
haadrollen Roberth Sheehan
David Tennant
byrollen Carlito Olivero
Kerry Condon
Jacqueline Byers
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 4 maaie 2018
foarm langspylfilm
sjenre horrorskrillerfilm
taal Ingelsk
spyltiid 107 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $4,6 miljoen

Bad Samaritan is in Amerikaanske horrorskrillerfilm út 2018 ûnder rezjy fan Dean Devlin, mei yn 'e haadrollen Robert Sheehan en David Tennant. De titel betsjut "Minne Samaritaan", en ferwiist nei de bibelske Likenis fan 'e Barmhertige Samaritaan (yn it Ingelsk: The Good Samaritan). It ferhaal giet oer in ynbrekker dy't yn it hûs fan ien fan syn slachtoffers in jonge frou oantreft dy't dêr mei keatlings fêstset is en dy't him smeket om har te helpen. Bad Samaritan krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en waard gjin kommersjeel súkses.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sean Falco en syn maat Derek Sandoval foarmje de parkeartsjinst by in restaurant yn Portland (Oregon). It is harren taak om 'e auto's fan 'e iters, dy't by de foardoar útstappe, in ein fierderop te parkearjen en se wer op te heljen as de lju fuort sille. Wat se ynstee dogge, is de navigaasje-apparatuer yn 'e auto's brûke om nei it wenadres fan 'e eigners te riden en dêr yn te brekken wylst de bewenners sûnder euvelmoed yn it restaurant sitte te iten.

Op in jûn brekt Sean yn 'e filla yn fan 'e rike en tige ûnsympatike Cale Erendreich, dêr't er in knevele blondhierrige jonge frou ûntdekt, dy't troch Erendreich ûntfierd is, finzenholden wurdt en mei keatlings fêstset is oan in stoel en oan 'e flier. Sean besiket har te befrijen, mar it slagget him net om har los te krijen. Hy giet nei de garaazje om ark te heljen en ûntdekt dêr in romte dy't ynrjochte liket te wêzen om minsken te folterjen of mooglik om liken útinoar te seagjen. As Erendreich út it restaurant wei mei syn smartphone de bewekkingskamera yn 'e keamer oanset om te checken oft syn slachtoffer noch wol op har plak sit, wurdt de eangst foar de man Sean oermânsk. Hy naait út. Sadree't er werom is by it restaurant, beseft er lykwols dat er grutte flater begien hat, en it lot fan 'e jonge frou lit him net mear los.

Sean wol mei syn ferhaal nei de plysje, mar Derek wiist him derop dat se dan foar ynbraak oppakt wurde en it tichthûs yn draaie sille. Hy hat fijannen makke dy't ek yn it tichthûs sitte, dat soks soe foar him in deastraf betsjutte. Sean beslút dan út in tillefoansel wei in anonym tillefoantsje nei de plysje te dwaan. Neitiid riidt er yn syn rynkrank âld brik fan in auto nei it hûs fan Erendreich ta, dêr't er fierderop yn 'e strjitte parkearret en ôfwachtet wat der barre sil. Der arrivearje in pear plysjeminsken, dy't oanbelje en Erendreich te wurd krije. Dyselde blykt in brúnhierrige jonge frou yn 'e hûs te hawwen dy't net de frou is dy't Sean earder sjoen hat, en dy't sûnder mis frijwillich mei him it bêd dielt. De plysjeminsken beslute dat der neat oan 'e hân is, en jouwe harren wer ôf, ta ûntsetting fan 'e tasjende Sean.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Erendreich letter ôfskie nimt fan syn bêdgenoate, merkt er de âld auto fan Sean op, dy't yn 'e fillawyk folslein út 'e toan falt. Koarte tiid letter jout Derek, dy't it spul by it restaurant ôfrûne hat, him by Sean. De beide jongemannen sjogge hoe't Erendreich syn sportauto út 'e garaazje hellet en fuortriidt. It liket harren in útlêzen kâns ta om nochris yn te brekken en de jonge frou te befrijen, mar Erendreich hat harren troch. Hy hat syn slachtoffer by him yn 'e auto, en yn 'e hûs is alle bewiis fan har oanwêzigens folslein útwiske. Ut syn auto wei skillet Erendreich de plysje op, en meldt anonym dat der by syn buorlju in ynbraak oan 'e gong is, wêrnei't er syn eigen adres opjout. Sean en Derek kinne mar nauwerneed oan 'e tahastige plysje ûntkomme. Erendreich bringt syn slachtoffer ûnderwilens nei in ôfhandige blokhutte yn 'e bosken.

De oare deis meldt Sean him yn persoan op it plysjeburo om syn ynbraken op te bychtsjen en te fertellen wat er yn it hûs fan Erendreich sjoen hat. Wayne Bannon, de resjersjeur dy't him oanheart, fynt it allegear mar fiersocht. It iennichste bewiis dat Sean hat, is in foto dy't er mei syn tillefoan nommen hat fan 'e boeide jonge frou op 'e stoel, mar Bannon wiist derop dat it wol gewoan in foto fan Sean syn freondinne wêze kin, of ien dy't er fan it ynternet helle hat. Nettsjinsteande dat giet er op ûndersyk út. Erendreich lit him yn 'e hûs en wit him mei moaipraten gerêst te stellen. As Bannon yn 'e garaazje de martelkeamer yngiet en dêr neat oars as in lege romte oantreft, beslút er dat Sean him by de poat hat.

Werom op it plysjeburo stjoert er Sean fuort en jout him te kennen dat er gelok hat dat er net ferfolge wurdt foar it dwaan fan in falske oanjefte. As de wanhopige Sean folhâldt dat er de wierheid sprutsen hat, ferwiist Bannon him nei de federale resjerzje FBI, dy't oer fermiste persoanen giet. Dat Sean giet nei it kantoar fan 'e FBI yn Portland, dêr't er itselde ferhaal wer fertelt. Spesjaal aginte Olivia Fuller heart him oan en stjoert him dan fuort. Se jout Sean de yndruk dat der neat dien wurde sil mei syn ynformaasje, mar eins is it in nij puzelstikje yn in al langer rinnende saak fan in grut tal fermissings, dêr't nei alle gedachten in searjemoardner eftersit. Oan 'e hân fan 'e foto fan Sean wit Fuller de jonge frou te identifisearjen as de fermiste Katie Hopgood.

Bûten it FBI-kantoar wurdt Sean (sûnder dat er it merkt) opwachte troch Erendreich, dy't fan doel is om him út 'e ljochten te helpen, mar as er oan Sean syn frustrearre reäksje sjocht dat er gjin súkses hân hat, lit er him foarearst gewurde. Ynstee folget er Sean nei hûs ta, dêr't er ynbrekt wylst Sean ûnder de dûs stiet en de wachtwurden foar syn sosjale media stelt. Ek fynt er in topless foto dy't Sean fan syn freondinne Riley nommen hat.

Mei't er in sadistyske psychopaat is, dy't er fernoegen yn skept om minsken geastlik stikken te meitsjen, set Erendreich útein mei it stelselmjittich ferwoastgjen fan Sean syn libben. Hy skillet Nino, de eigner fan it restaurant dêr't Sean en Derek wurkje, op en docht him foar as in lulke klant by wa't troch it duo ynbrutsen is. Dêrop jout Nino de beide mannen dien. Sean syn styfheit Don wurdt ek ûntslein as der foar mear as $10.000 oan guod fan it bedriuw dêr't er foar wurket, yn syn auto oantroffen wurdt. Tagelyk wurdt Sean syn mem, in ferpleechkundige op non-aktyf set om't se op har wurk in bern mishannele hawwe soe.

Erendreich ferstjoert fierders út Sean syn namme in e-mailtsje nei syn faam Riley wêryn't er it mei har útmakket. Dêrnei ferstjoert er de topless foto fan Riley, op 'e nij út namme fan Sean, nei al Riley har kunde. As Sean Riley oer wit te heljen om him te moetsjen, sadat er har alles útlizze kin, wurdt se ûnderweis dêrhinne yn in steechje oanfallen troch Erendreich, dy't hielendal yninoar slacht en foar dea efterlit. Sean siket har neitiid yn it sikehûs op, en bychtet op dat it allegear syn skuld is. Riley, dy't net mear prate kin om't har kaak brutsen is en ek om't se oan 'e beäzeming leit, skriuwt op in bryfke dat se wol dat er fuortgiet, wat er docht.

Jûns kringt Erendreich de wente fan 'e Sandovals yn en fermoardet Derek syn âldelju. As Derek thúskomt, dy't op dat stuit krekt oan it byldbeljen is mei Sean, fermoardet er Derek ek. Sean wit lykwols in foto fan Erendreich te meitsjen as dy Derek syn mobyltsje oppakt. Hy hastiget him nei it plak delikt, dêr't de oanwêzige plysjes al besletten lykje te hawwen dat it om in gefal fan moard-selsmoard troch Derek giet. Sean stjoert de foto nei de FBI, mar hy hat der net folle fidúsje mear yn dat dy wat oan 'e saak dwaan sil. Dêrom brekt er sels dy nachts op 'e nij yn by de filla fan Erendreich, dy't er folslein ferlitten oantreft. Yn it ûnthâld fan 'e navigaasje-apparatuer fan 'e sportauto, dy't yn 'e garaazje stiet, fynt Sean de rûte nei en de lokaasje fan 'e blokhutte fan Erendreich. Werom yn 'e hûs ûntdekt er dat Erendreich fan doel is syn spoaren út te wiskjen troch de hiele filla op te blazen mei in bom dy't op it punt stiet om ôf te gean. Hy wit nauwerneed oan 'e dea te ûntkommen troch mei Erendreich syn auto dwers troch de garaazjedoar te ramen.

Sean riidt nei de blokhutte ta, dêr't er ier de oare moarns arrivearret. Underwilens hat aginte Fuller oan 'e hân fan 'e foto fan Erendreich en har eardere ûndersyk nei de mysterieuze searjemoardner ek de lokaasje fan 'e blokhutte bepaald, dy't op namme stiet fan 'e smoarrike famylje Valkenburg (Erendreich syn wiere namme). Se bejout har dêrhinne mei in arrestaasjeteam, mar it gebou befynt him op priveegrûn, dat se binne in hûssikingsbefel nedich dat lang op him wachtsje lit. Sean ûntdekt Katie yn 'e blokhutte, mar Erendreich komt him oer it mad en slacht him mei in skeppe bewusteleas. As er wer bykomt, is Sean boeid en moat er helpeleas tasjen hoe't Erendreich Katie foar in farsk dold grêf opstelt, en dan fan in ôfstân deasjit, sadat se der foaroer yn falt.

Erendreich leit Sean dêrnei oant yn detail út hoe't er him foar de moard op Katie en in ferskaat oan eardere moarden opdraaie litte sil, mar hy is te wis fan himsels, want yn it grêf komt Katie wer by mei in skampskot oan 'e holle. Se klauteret út it gat, wêrby't de modder fan 'e grêfsrânen ôfkeallet en sa de stoflike omskotten fan in stikmannich oare slachtoffers fan Erendreich bleatleit, dy't yn ferskillende steaten fan ûntbining ferkeare. Katie beslûpt Erendreich en slacht him del mei deselde skeppe dêr't er earder Sean mei delslein hat. As er begjint te sjitten, flechtsje sy en Sean de bosk yn. Fuller en de oare FBI-aginten beslute dat de skotten harren ûnder de wet foldwaande reden jouwe om priveegrûn te betrêdzjen en bejouwe harren hoeden nei de blokhutte ta.

Yn 'e bosk treft Sean in heksebile oan dy't yn in beamstronk set is. As er it ding derút besiket te lûken, komt inkeld de stâle los. Dat ding as kneppel brûkend, falt Sean Erendreich oan en slacht op him yn oant er net mear ferweecht. Katie, dy't derby kommen is, seit tsjin him dat it net genôch is. Letter treffe Fuller en har FBI-team Sean en Katie oan as se opinoar stypjend by de blokhutte wei strompelje yn 'e rjochting fan 'e wei. Yn 'e hutte treft Fuller in opsternate Erendreich oan, dy't mei keatlings, rimen en in knevel fêstset is yn deselde stoel dêr't er earder Katie yn fêstset hie.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robert Sheehan.
David Tennant.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Sean Falco Robert Sheehan
Cale Erendreich David Tennant


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Derek Sandoval Carlito Olivero
Katie Hopgood Kerry Condon
Riley Seabrook Jacqueline Byers
FBI-aginte Olivia Fuller Tracey Heggins
resjersjeur Wayne Bannon Tony Doupe
Don Falco, Sean syn styfheit Rob Nagle
Patty Falco, Sean syn mem Lorraine Bahr
Rowan Falco, Sean syn broer Jacob Resnikoff
restauranteigner Nino David Meyers
Helen Leyton Lisa Brenner

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bad Samaritan waard regissearre troch Dean Devlin nei in senario fan Brandon Boyce, dat oarspronklik as titel hie: No Good Deed (fan it Ingelske sprekwurd no good deed goes unpunished, "gjin goede die bliuwt ûnbestraft"). De film waard produsearre troch Devlin sels, Rachel Olschan en Marc Roskin foar de filmstudio Legion M. De hichte fan it budget is ûnbekend. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Connell, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Joseph LoDuca. De opnamen fûnen begjin 2017 plak yn Portland (Oregon).

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Bad Samaritan waard fersoarge troch Electric Entertainment. De film gie op 4 maaie 2018 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Bad Samaritan mingde resinsjes. Yn it tydskrift Variety omskreau Peter Debruge de film as "in […] fluggerke dat yn eltse sin fan it wurd minder ambysje hat, mar dochs úteinlik folle effektiver is as in stikje skamteleas manipulatyf earmlininggripend sjenrefermaak." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Bad Samaritan in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 71 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] leveret in hantsjefol spannende sjenremominten – en in geweldich sintraal steand optreden fan David Tennant – dy't helpe om 'e wiffe rezjy en in teloarstellend aldendeisk ferhaal goed te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Bad Samaritan in goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 20 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bad Samaritan brocht yn 'e bioskopen $4,6 miljoen op. Om't net bekend is hoefolle it budget bedroech, is dreech te sizzen oft de film winst of ferlies makke. Wol is dúdlik dat de opbringst fan it iepeningswykein yn 'e Amerikaanske bioskopen raar ôffoel. Bad Samaritan ûnderfûn dêrby konkurrinsje fan Tully en Overboard, dy't tagelyk útbrocht waarden.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.