Manipulaasje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Manipulaasje is yn de psychology in begryp dêr't mei bedoeld wurdt: de wize fan oertsjûgjen fan in persoan, om ta in bepaald idee fan in saak of in oar komme te litten middels beynfloeding by dy persoan fan syn persoanlike libbenssfear, zijn persoanlike (leuwens-)oertsjûging sûnder dêrby de werklike arguminten te brûken.

De grins tusken manipulaasje en normale beynfloeding is amper te lûken; allinnich de beide utersten binne werkenber.

Manipulaasje komt yn de reklameuteringen in protte foar. Faaak wurdt der oan de ûntfanger fan it boadskip ûnbewust (neimaak-)ynformaasje jûn of der wurdt ynspile op argetypyske gefoelens. De neimaakynformaasje hat dus ynfloed op it oerwegingsproses fia de besteande oertsjûgings of besteande (oer-)eangsten.

In foarbyld as ferdúdliking: De stelling is:" As in man gjin bier mei is hy in seksuele kneus ". It is dúdlik dat de eangst hjir is: kneus (argetypysk dus de minste fan de groep dus ek it minste fiedsel dus ek de grutste kâns om te ferstjerren) en dan noch seksueel ek (argetypysk ek hjirom de minste fan de groep dus ek gjin fuortplanting dus ek de grutste kâns om as genetysk materiaal út te stjerren).

Manipulaasje betsjut fan oarsprong: mei de hân (Latyn: manus) oanpassings meitsje. It wurd manipulaasje hat in negative byklank, dêrom wurdt faak it neutralere modifikaasje brûkt.

Sjoch ek [bewurkje seksje]