Amerikaansk fleanend iikhoarntsje

Ut Wikipedy
Amerikaansk fleanend iikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai fleanende iikhoarntsjes fan de Nije Wrâld (Glaucomys)
soarte
Glaucomys volans
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It Amerikaanske fleanende iikhoarntsje (Latynske namme: Glaucomys volans), ek wol it Amerikaanske fleanhoarntsje neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e fleanende iikhoarntsjes (Pteromyini) en it skaai fan 'e fleanende iikhoarntsjes fan de Nije Wrâld (Glaucomys). Dizze soarte is lânseigen yn Noard- en Midden-Amearika. Mei it Kanadeeske fleanende iikhoarntsje (Glaucomys sabrinus), is it Amerikaanske fleanende iikhoarntsje ien fan twa soarten fleanende iikhoarntsjes dy't yn Amearika foarkomme.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amerikaanske fleanende iikhoarntsjes libje benammen yn 'e eastlike helte fan 'e Feriene Steaten. Har ferspriedingsgebiet hat as westgrins in ridlik rjochte line dy't fan 'e Rio Grande, yn súdlik Teksas, hast oan 'e Kanadeeske grins by de Mar fan de Wâlden ta rint. It Amerikaanske fleanende iikhoarntsje ûntbrekt lykwols yn it noarden fan Minnesota, Wiskonsin en Maine, al komt it wol wer foar yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Ontario en Kebek. Fierders libbet dit bist ek yn disjunkte (faninoar isolearre) gebieten yn 'e heechlannen fan noardwestlik, sintraal en súdlik Meksiko en fan Gûatemala en Hondoeras.

In Amerikaanske fleanend iikhoarntsje.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amerikaanske fleanende iikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 21-25¾ sm, mei in sturtlingte fan 8-12 sm en in gewicht fan rûchwei 65½ g. De pels is op 'e rêch griisbrún, mei dûnkerder fangen en in krêmkleurige bealch. De eagen binne grut en de sturt is ôfplatte. Tusken de foar- en efterpoaten sit it saneamde patagium, in behierre hûdflap dy't strak lutsen wurde kin troch de lidden út te sprieden, sadat it Amerikaanske "fleanende" iikhoarntsje sweve kin.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amerikaanske fleanende iikhoarntsjes libje yn leafwâlden en mingde wâlden, fral as der in protte Amerikaanske nutebeammen en bûken groeie, en yn mindere mjitte eskdoarns, popelieren en iken. Soms komme Amerikaanske fleanende iikhoarntsjes ek wol foar yn swier beboske foarstedske gebieten, al binne se dêr nea withoe talryk.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutte fan it wengebiet fan Amerikaanske fleanende iikhoarntsjes fariëarret fan 2½ oant 16 ha, al is it by mantsjes in stik grutter (oant wol de helte grutter) as by wyfkes. De wengebieten fan ferskillende eksimplaren oerlaapje inoar yn oansjenlike mjitte. Se lizze nêsten oan yn natuerlik beamholtes of yn âlde spjochtehoalen, en teffens bouwe se wol nêsten fan twiichjes en blêden yn beamstrampels. Dy wurde lykwols inkeld brûkt yn 'e simmer en as tydlik skûlplak, wylst de nêsten yn it binnenste fan beammen foar de winter bedoeld binne. Amerikaanske fleanende iikhoarntsjes binne tige sosjale bistkes, dy't soms yn groepen "fleane" en foerazjearje. Ek brûke se gauris mienskiplike nêsten, fral as by kâlder waar.

Ut ûndersyk is nei foarren kommen dat soks yn ferhâlding ta eksimplaren dy't solitêr libje 30% enerzjy besparje kin troch it dielen fan lichemswaarmte. It hat lykwols ek bliken dien dat Amerikaanske fleanende iikhoarntsjes yn súdlike dielen fan harren areaal, lykas yn Floarida, ek mienskiplike nêsten bewenje (mei wol oant 25 eksimplaren tagelyk). Troch de hege temperatueren yn dy kontreien wurket soks dêr op it mêd fan enerzjybesparring krekt ferkeard, wat suggerearret dat enerzjybesparring wierskynlik net it iennichste foardiel is dat Amerikaanske fleanende iikhoarntsjes út it libjen yn sokke groepen helje. Oare foardielen soene wêze kinne: de oanhâldende beskikberheid fan pearingspartners, oanhâldende wachens foar rôfdieren oer en it dielen fan itensboarnen.

In Amerikaanske fleanend iikhoarntsje "fljocht" binnendoar.

It Amerikaanske fleanende iikhoarntsje is in treflike klimmer en springer en kin, troch de hûdflap tusken syn foar- en efterpoaten strak te lûken, oansjenlik ôfstannen swevend ôflizze. Dêrby kin er troch syn lichemshâlding te feroarjen en syn sturt as roer te brûken hiel effisjint yn 'e loft manûvrearje om botsings mei ûnferwachtse obstakels tsjin te kearen. Se kinne sels bochten fan 90° meitsje. As se lânje sille, rjochtsje se alle fjouwer poaten nei foarren ta, sadat de hûdflappen as in soarte fan parasjute wurkje om faasje te minderjen. De lâning fynt yn 'e regel plak op it fertikale flak fan in beamstam, wêrby't de lidden de skok opfange. Nei't er delkommen is, draaft it Amerikaanske fleanende iikhoarntsje daliks nei de oare kant fan 'e stam of nei de top fan 'e beam, om mooglike efterfolgjende rôfdieren (lykas ûlen) te ûntrinnen. Hoewol't se tige fluch en linich binne yn 'e beammen, en yn 'e loft sels elegant, binne se op 'e grûn tige lôch en ûnbehelpsum. Om't se net echt fleane kinne, is it foar harren ûnmooglik om fan 'e grûn ôf op te stiigjen, wat harren dêr hiel kwetsber makket. Dêrom mije se de wâldboaiem safolle mooglik.

De peartiid ken by Amerikaanske fleanende iikhoarntsjes twa piken, ien fan febrewaris oant maaie en ien fan july oant septimber. De draachtiid berint rûchwei 40 dagen, wêrnei't it wyfke yn 'e regel twa kear jiers in nêst fan 2-7 jongen te wrâld bringt. Dy wurde blyn, dôf en keal berne. De earen geane mei 2-6 dagen iepen, en mei in wike hawwe se in pels. De eagen geane lykwols pas iepen mei 24-30 dagen. Mei 65 dagen moatte se fierhinne foar harsels soargje, en mei 120 dagen binne se folslein selsstannich. Natuerlike fijannen fan it Amerikaanske fleanende iikhoarntsje binne fral ferskate soarten slangen, ûlen, hauken en de waskbear. Ek hûskatten kinne gefaarlik wêze.

In Amerikaanske fleanend iikhoarntsje hellet nútsjes út in fûgelfuorrer.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amerikaanske fleanende iikhoarntsjes frette meast fruchten en nuten fan beammen as de iik, de Amerikaanske nutebeam en de bûk. Se slane iten op foar it winterhealjier, yn 't bysûnder ikels. Fierders frette se ek wol beamknoppen, blommen, poddestuollen en oare skimmels, ynsekten, ies, fûgelaaien en sels pykjes.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amerikaanske fleanende iikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't syn populaasje stabyl liket te wêzen. Foar de minske kin kontakt mei Amerikaanske fleanende iikhoarntsjes gefaarlik wêze, om't se soms dragers binne fan firussen as tyfus. It soarte tyfus dat se ferspriede kinne, wurdt "sylvatyske tyfus" neamd, en it CDC, it syktebestridingsburo fan 'e Amerikaanske oerheid, hat tusken 1976 en 2001 39 gefallen dêrfan fêststeld. It eigentlike oerbringen fan 'e sykte op minsken liket trouwens fia luzen of flieën te gean.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.