Springe nei ynhâld

Age Veldboom

Ut Wikipedy
Age Veldboom
persoanlike bysûnderheden
echte namme Age Veldboom
berne Hagestein, 23 july 1952
wurkpaad
aktyf as skipper, museumoprjochter
reden
  bekendheid
ferslachjouwer Omrop Fryslân

Age Veldboom (Hagestein, 23 july 1952) is in skûtsjekenner, museumoprjochter en -rûnlieder út Earnewâld-Aldegea.

Age Veldboom gie nei de MULO yn Vianen nei it CIOS op It Hearrenfean. Dêr krige er ûnder oare les fan Foppe de Haan en Jeen van den Berg. As gymmestyk- en sportlearaar sette er yn Earnewâld mei syn frou de sylskoalle Annage op, in bedriuw dat er yn 2000 oerdie oan Cathrienus Herrema. [1] Neist sylskoallehâlder en surfynstrukteur wie hy destiids ek gimmestyklearaar oan it spesjaal ûnderwiis yn Snits en as dosint ferbûn oan it Cios op It Hearrenfean. Doe't it surfen yn Fryslân yn opkomst wie rieden se mei trailers fol surfplanken troch hiel Fryslân foar ûnder oare de surflessen by Surfclub Drachten, by de Grutte Wielen yn Ljouwert en by de surfclub It Hearrenfean. Letter waarden de akiviteiten organisearre fanút it bedriuw njonken it Skûtsjemuseum.

Begjin jierren tachtich diene Age en syn earste frou Anna Hummel foar it earst mei oan de Strontrace mei it aakje de Anne-Hinne. Se sylden dêrnei mei de Eureka yn de lytse a-klasse en letter mei it (te grutte skûtsje foar de IFKS) de Weduwe Joustra. Dy klasse fan lytse skûtsjes waard yn 1995 ynsteld op inisjatyf fan him, Kees Meter en Eelke Boersma.[2] Yn 1999 en 2010 wûn er dy wedstryd mei syn skip de Swanneblom. [3] Ek sylde hy by de IFKS. Yn de rin fan de tiid hat er wol mear skippen hân. Sa wie hy fan 1998 oant 200 eigener fan it skûtsje Waaksdom.[4]

Age en syn frou Anna hiene yn de tiid fan de sylskoalle in soad skûtsjematerialen sammele. Geandewei ûntstiene der plannen foar in Skûtsjemuseum. Syn inisjativen krigen foarm yn 1996 doe't er grûn oankocht en oan de Stripe in haven groeven waard. It museum De Stripe waard yn 2005 oernomd troch in stifting, mei minsken fan it earste oere as Klaas Jansma, Sietse Bruinsma, Piet en Anneke Herrema en Jelle van der Meulen. Veldboom waard neist mei-oprjochter frijwilliger fan de Stifting Skûtsjemuseum en de Stifting Houten Skûtsje yn Earnewâld. Ek levere hy in grutte bydrage oan de bou fan de Aebelina. Dit wie in replika fan it ferdwûne skip dat tusken 2004 – 2009 by it Skûtsjemuseum boud waard yn opdracht fan de stifting Houten Skûtsje. Oer dit ikehouten skip ferskynde yn 2009 it boek De doem van eer - AEbelina. Pronkje van het Skûtsjemuseum. [5] Age Veldboom docht as frijwilliger in soad wurk foar it skûtsjesilen, sa waard hy yn 2013 bestjoerslid fan Foar de Neiteam, in stifting dy't dokumintearret en kennis ferspriedet oer it skûtsjesilen en it wedstrydsilen mei autentike frachtskippen yn Fryslân.

Winterdeis organisearre hy as iismaster en foarsitter fan de Earnewâldster iisklup Lyts begjin mei oaren reedrydtochten om Earnewâld hinne en op de Jan Durkspolder. Sa helle er ek de klassiker De 100 fan Earnewâld nei Earnewâld. Neist it skûtsjemuseum kaam der yn 2012 it reedrydynformaasjesintyrum Schaatslokaal De iisblom. [6] As Alvestêdenrider ried er de tocht fan 1985, 1986 en 1997. As ferkennerried er de tocht in tal kearen mei in groepke riders as skûtsjeskippers Allard Syperda en Anne Tjerkstra. Foar Lyts Bigjin is Veldboom aktyf mei de organisaasje fan reedrydtochten en it útsetten fan de banen.

Age Veldboom fersoarget as ferteller ek optredens mei oaren. Sa trede hy op mei Bennie Huisman yn de doarpstsjerke fan de Rottefalle. By syn lêzingen begeliedet er himsels bytiden muzikaal op lûkoargel. [7] Yn 2018 die er mei oan Iepen Up, in aktiviteit fan Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. [8]

Yn 2018 wie hy inisjatyfnimmer fan it muzikale skûtsjeteäter Myn Skip, in earebetoan oan it Fryske skûtsje dat folge waard troch trije tiidsperioaden hinne. Nei it begjinstik oer de bou en it brûken as frachtschip wurdt it skûtsje omboud ta wenskip om dêrnei as wedstrydskip brûkt te wurden. [9] In soad frijwilligers diene fan de wâl ôf mei oan in foarstelling oer hûndert jier skûtsjehistoarje. Dit barde mei muzyk, dûns, byld, teäter en ferhaal op it Earnewâldster Wiid. De haadrol wie foar de skûtsjes fan de IFKS, SKS en it houten skûtsje Aebelina op it wetter. Regisseur wie Theo Smedes, Herman Woltman komponearre de muzyk. Spesjaal foar de acht foarstellingen makken Ella & Herman lietsjes mei tekst fan Baukje Wytsma en wiene der optredens fan de Bigband Friesland en de Alde Gea Sjongers. De ferhalen waarden ferteld troch Age Veldboom en Harmen Brouwer. De ferhalen waarden ôfwiksele mei fragminten fan skûtsjebylden út it Frysk Film Argyf dy 't projektearre waarden op seildoek. Op 7 desimber 2018 krigen Veldboom en Cathrienus Herrema foar It Skip de Fryske Anjer útrikt troch kommissaris fan de Kening, Arno Brok. [10]

By it grutte publyk waard Veldboom bekend troch syn wedstrydferslaggen fan it skûtsjesilen foar Omrop Fryslân. Yn 2017 en 2018 portrettearre hy ferskate skûtsjes yn it NPO-programma Skûtsje Journaal, mei presintatrise Carrie ten Napel, in gearwurking fan Omrop Fryslân, de SKS en Omrop Max.[11] Hy joech it wedstrydkommintaar en útlis tegearre mei Sippie Tigchelaar foar it earst yn it Nederlânsk.[12]

Age Veldboom waard yn 2007 portrettearre yn it telefyzjeprogramma Teken fan libben fan Omrop Fryslân. Yn dit programma gie presintator Raynaud Ritsma op syk nei de ferhalen efter barmmonuminten. Dit omdat Age syn earste frou Anna yn 1998 ferûngelokke wie by in auto-ûngelok.[13]

  • Neist âlderling fan de grifformearde tsjerke wie Veldboom ek betinker fan de Skûtsjepreekstoel dy 't noch altyd yn de tsjerke stiet.
  • Yn 2017 waard hy beneamd as lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Dit wie tagelyk mei Harm Vlas, de foarsitter fan it skûtsjemuseum en bestjoerslid fan de Stichting AEbelina. [14]
  • De doem van eer - AEbelina. Pronkje van het Skûtsjemuseum, ko-auteur mei Johan Prins, Klaas Jansma en Piet Herrema. ISBN 978-90-77948-31-6, 160 siden, maaie 2009

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: