Sintrale Kommisje Skûtsjesilen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
SKS skûtsjesilen yn Earnewâld.

De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) is op 22 july 1945 oprjochte as Feriening fan Skûtsjesilers -kommisjes yn Fryslân. Yn 1946 is de namme feroare ta "Sintrale Kommisje Skûtsjesilen". It is de sintrale organisaasje foar de ûnderskate pleatslike kommisjes skûtsjesilen, dy't foar de oarloch al opset wienen, en de skûtsjesilers en de eignerkommisjes.

Ynhâld

Kampioenskip [bewurkje seksje]

De kommisje organisearret it kampioenskip SKS, dat basearre is op it skûtsjesilen fan de alve pleatslike kommisjes, dat yn fjirtsjin dagen tiid hâlden wurdt.

Dei 1e wike 2e wike
sneon Grou Starum
snein    
moandei De Feanhoop Wâldsein
tiisdei Earnewâld Ealahuzen
woansdei Terherne De Lemmer
tongersdei Langwar De Lemmer
freed rêstdei Snitser Mar

Skûtsjes [bewurkje seksje]

Yn 1979 hat de SKS it beslút naam net mear as fjirtsjin skûtsjes ta it kampioenskip ta te litten. Sûnt dy tiid silet der in fêste groep fan eigners, meast kommisjes, mei yn it kampioenskip, mar net altyd mei itselde skûtsje. Skûtsjes mei jierren SKS-histoarje wurde soms ferfongen troch oare, faaks better silende skippen. Fansels krije dy nije skûtsjes al wer it seilteken fan de eigner yn it seil, en ek wurdt faak de namme fan it eardere skûtsje oernaam. Op it stuit sile dizze skûtsjes mei om it kampioenskip SKS:

Ofbyld Seil-
teken
Namme Plak Skipper Boujier Ton Werf
Seilteken Boalsert.jpg Bolsward Boalsert Pieter Meeter 1910 43 Roorda
Seilteken d' Heale Moanne.jpg d’Halve Maen Drachten Berend Mink 1912 36 Roorda
Seilteken Earnewâld.jpg Twee Gebroeders Earnewâld Gerhard Pietersma 1930 44 Van der Werff
Gerben van Manen - It Hearrenfean.jpg Seilteken It Hearrenfean.jpg Gerben van Manen It Hearrenfean Pieter Brouwer 1915 45 Roorda
Seilteken Grou.jpg It Doarp Grou Grou Douwe Visser 1909 36 Roorda
Skûtsje Huzum 5253.jpg Seilteken Huzum.jpg It Doarp Huzum Ljouwert Eildert Meeter 1911 45 De Roos/V.d. Meijden
Langwar skûtsje 69.jpg Seilteken Langwar.jpg Ut 'e Striid Langwar Ulbe Brandsma 1919 37 Roorda
Skûtsje Wâldsein a4.jpg Seilteken Wâldsein.jpg Klaas van der Meulen Wâldsein Ype van der Meulen 1912 45 Roorda
Skûtsje de Lemmer 2.jpg Seilteken De Lemmer.jpg Lemster skûtsje De Lemmer Johannes Meeter 1931 45 Van der Werff
Skûtsje De Jouwer 2010 DSC01688.jpg Seilteken De Jouwer.jpg Oeral Thús De Jouwer Dirk Jan Reijenga 1923 50 Van der Werff
Skûtsje Ljouwert 38.jpg Seilteken Ljouwert.jpg Rienk Ulbesz Ljouwert Jappie Meeter 1915 45 Roorda
Sneker Pan - Snits.jpg Seilteken Snits.jpg Sneker Pan Snits Douwe Visser 1913 41 Roorda
Skûtsje Súdwesthoek IMG 2221.jpg Seilteken Súdwesthoek t.gif Súdwesthoek Starum Auke de Groot 1923 50 Barkmeijer
Seilteken Drachten.jpg Twee Gebroeders Drachten Albert Visser 1912 44 Roorda

Telling [bewurkje seksje]

De Skûtsjes krije punten foar it plak dêr't se op binnenkomme: twa foar it twadde plak, trije foar it tredde plak, fjouwer foar it fjirde plak, ensfh.. Allinnich foar it earste plak krijt it skûtsje krekt wat minder: 0,9 punten foar it earste plak. Nei de lêste wedstriid wurde alle punten fan in skûtsje byelkoarteld, wêrby de minste wedstryd weilitten wurdt. Wa't dan it leechste oantal punten hat krijt it Sulveren Skûtsje en de blauwe kampioenswimpel.

SKS Kampioenen [bewurkje seksje]

Skipper
Skipper Skûtsje Oantal Kommisje Kampioen yn
Klaas Keimpes van der Meulen Twee Gebroeders (Salverda)
4
Starum 1945 - 1947 - 1951 -1954
Ulbe Rienks Zwaga 1) Twee Gebroeders (Zwaga)
2) Doarp Grou
4
7
Langwar
Grou
1946 - 1948 - 1949 -1950
1958 - 1959 - 1960 - 1961 - 1962 - 1967 - 1972
Jan Sytsema Jonge Jan
1
- 1952
Tjitte Jansz. Brouwer Jonge Jan
1
- 1953
Jan van Akker Twee Gebroeders *(van Akker)
1
- 1955
Berend Mink De Nijverheid
2
Earnewâld 1956 - 1957
Siep van Terwisga Gerben van Manen
3
It Hearrenfean 1963 - 1964 - 1965
Rintje Ritsma Lemster Skûtsje
1
De Lemmer 1966
Tjitte Lammertsz. Brouwer Gerben van Manen
6
It Hearrenfean 1968 - 1974 - 1975 - 1976 - 1977 - 1981
Rienk Ulbes Zwaga 1) Twee Gebroeders (Zwaan)
2) Súdwesthoek
1
1
Langwar
Starum
1969
1979
Lodewijk Meeter It Doarp Huzum
2
Huzum 1970 - 1971
Jan van Akker Sneker Pan
2
Snits 1973 - 1984
Siete Meeter Bolsward
2
Boalsert 1978 - 1987
Lammert Ulbes Zwaga Twee Gebroeders (Swan)
1
Langwar 1980
Jeen Ulbes Zwaga Emanuel
2
Earnewâld 1982 - 1983
Keimpe Klaas van der Meulen Klaas van der Meulen
1
Wâldsein 1985
Jelle Reijenga Lemster Skûtsje
2
De Lemmer 1986 - 1988
Teake Klaas van der Meulen Klaas van der Meulen
2
Wâldsein 1989 - 1991
Tjitte Sietses Brouwer Gerben van Manen
5
It Hearrenfean 1990 - 1992 - 1993 - 1994 - 1997
Douwe Visser Sneker Pan
7
Snits 1995 - 1996 - 2002 - 2003 - 2007 - 2011 - 2012
Ulbe Rienks Zwaga Rienk Ulbesz
2
Ljouwert 1998 - 1999
Berend J. Mink Doarp Grou
2
Grou 2000 - 2001
Eldert Meeter Bolsward
1
Boalsert 2004
Douwe Visser Asz. Doarp Grou
2
Grou 2005 - 2009
Pieter Sietses Brouwer Gerben van Manen
3
It Hearrenfean 2006 - 2008 - 2010
* Twee Gebroeders (van Akker) = no Klaas van der Meulen (Wâldsein)
Kommisje
Oantal Kommisje Kampioen yn
17 It Hearrenfean 1963 - 1964 - 1965 - 1968 - 1974 - 1975 - 1976 - 1977 - 1981 - 1990 - 1992 - 1993 - 1994 - 1997 - 2006 - 2008 - 2010
11 Grou 1958 - 1959 - 1960 - 1961 - 1962 - 1967 - 1972 - 2000 - 2001 - 2005 - 2009
  9 Snits 1973 - 1984 - 1995 - 1996 - 2002 - 2003 - 2007 - 2011 - 2012
  6 Langwar 1946 - 1948 - 1949 - 1950 - 1969 - 1980
  5 Starum 1945 - 1947 - 1951 - 1954 - 1979
  4 Earnewâld 1956 - 1957 - 1982 - 1983
  3 De Lemmer 1966 - 1986 - 1988
  3 Wâldsein 1985 - 1989 - 1991
  3 Boalsert 1978 - 1987 - 2004
  2 Huzum 1970 - 1971
  2 Ljouwert 1998 - 1999
privee 1952 - 1953 - 1955

Kampioenen [bewurkje seksje]

Sjoch ek [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: