Friesch Dagblad

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Friesch Dagblad ( Frysk Deiblêd ) is in kristlik deiblêd dat yn Fryslân, it Grinzer Westerkertier en yn de Noardeastpolder ferskynt.

It is it lytste selsstannige regionale deiblêd yn Nederlân. De earste krante kaam yn 1903 fan de parse. De krante wie rjochte op it grifformearde anti-revolúsjonêre fermidden, krektas yn dy tiid "De Standaard" en nei de oarloch Trouw. It Frysk Deiblêd hat dat karakter sterker hâlden as Trouw, al is it lêzerspublyk no breder wurden.

In foarbyld dêrfan is de sport op snein. De krante stie der lange tiid bekend om dêr gjin omtinken oan te jaan, mar dat is al jierren net mear sa. It Friesch Dagblad past him by de ûntjouwingen yn de maatschappij oan, en ek sneins wurdt troch redakteuren wurke. Sa bliuwt de krante krektas de oare kranten aktueel.

Op it stuit dat yn de Twadde Wrâldoarloch kranten yn Nederlân sensuerearre waarden, ferskynde it Frysk Deiblêd net mear. Nei de oarloch is de tried wer op pakt.

It Frysk Deiblêd wurdt bestjoerd troch in feriening fan lêzers, mar hat ek in stik of wat kommersjele BV's dy't soargje foar de nedige ynkomsten. De krante hat in eigen printparse en is redaksjoneel folslein ûnôfhinklik. Haadredakteur anno 2006 is Lútzen Kooistra.

Njonken de krante fan alledei hat it Friesch Dagblad noch in tal oare produkten, benammen wykblêden, ûnder oaren it Het Goede Leven, dat yn it hiele lân ferskynt. Dan hat it Deiblêd in stikmannich tsjerkeblêden, sa as it Christelijk Weekblad (lanlik), Kerk in Stad (foar Grins), Kerkblad van het Noorden en 'Geandewei' (Fryslân). In nij ynisjatyf is de de Startkrant, ek in kristlik blêd, dat fjouris it jier ferskynt en fergees ferspraat wurdt.

Ein 2008 kaam it Friesch Dagblad teffens mei it bieden fan in mobile tillefoartsjinst, nammentlik Skilje en hat de krante in webwinkel, fd-extra neamd.

Friezen kinne oar as oare lêzers yn oare provinsjes kieze út twa regionale deiblêden. It oare regionale deiblêd is de Ljouwerter Krante (Leeuwarder Courant) .

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]