Springe nei ynhâld

Zacharias von Uffenbach

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Zacharias fan Uffenbach)
Zacharias Konrad von Uffenbach

Zacharias Konrad von Uffenbach, (Frankfurt am Main, 22 febrewaris 1683 - 6 jannewaris 1734), wie in Dútsk boargemaster en reizger út Frankfurt. Makke mei syn broer in reis fan meardere jierren.

Syn belangstelling gie út nei boeken, hânskriften, munten, tekeningen en natuerkundige seldsumheden. Sadwaande is syn postúm ferskynde reisferhaal (1709 - 1711) in wichtich natuerhistoaryske boarne. Sa ferhellet er bygelyks oer Strobos, Dokkum, Ljouwert, Frjentsjer, Boalsert, Warkum, Hylpen, Molkwar Starum, Wikel, De Lemmer en De Kúnder. Oersettings hjirfan ferskynden yn it blêd De Vrije Fries VI (1853)

Uffenbach garre oriïntaalske manuskripten.[1] Yn 1711 befette syn bibleteek al sa'n 12.000 boeken. Nei syn dea kamen dy oan Johann Christoph Wolf (kunde fan Campegius Vitringa).

  • Merkwürdige Reisen durch Nedersachsen, Holland und Engelland., 3 Thie (Ulm und Memmingen, 1753-1754)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Friedrich Adolph Ebert,Arthur Browne, A general bibliographical dictionary, s. 1919