Yvette Bova
Yvette Bova | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Yvette Bova | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 6 april 1965[1] | |
berteplak | Junction City (Kansas) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, fetysjmodel, pornoaktrise, produsinte | |
jierren aktyf | 2005 – no | |
offisjele webside | ||
www.clubyvette.com |
Yvette Bova (Junction City (Kansas), 6 april 1965)[1] is in Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel, pornografysk aktrise en pornoprodusinte fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Foarhinne wie hja in militêr en tsjinne hja by de Amerikaanske Loftmacht. Dêrnei makke Bova namme as bodybuildster en fitnessmodel, wêrby't se benammen in protte súkses hie by wedstriden yn East-Aazje en Oseaanje. Sûnt 2005 makket se furoare yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Bova wennet op 't heden yn Las Vegas.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en militêre tsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bova waard neffens in ornaris betroubere boarne yn 1965[1] berne yn Junction City, yn 'e steat Kansas, hoewol't in oare boarne hawwe wol dat se yn 1962 te wrâld kaam.[2] Se groeide op yn Denver, yn Kolorado. As tiner joech hja har yn 1980 by de Amerikaanske Loftmacht, dêr't se trettjin en in heal jier by tsjinne, oant se yn 1993 earfol ôfswaaide.
Bodybuilding-karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1992 sette Bova útein mei bodybuilding, en yn 1996, doe't se 31 jier wie, die se op dat mêd mei oan har earste wedstryd. Hja wûn ferskate titels, wêrûnder twa kear op rige dy fan Miss Far East, by wedstriden yn 'e Súdkoreaanske haadstêd Seoel. Ek wûn se twaris de earste priis yn 'e kategory bêste poseur by wedstriden op Okinawa, yn Japan. Se behelle it twadde plak yn 'e lichtgewichtfrouljusdifyzje by it Iepen Nasjonaal Bodybuilding Kampioenskip fan Gûam, yn 1996, en it jiers dêrop wûn se it earste plak yn deselde ôfdieling op 'e Marjo Selin's Muscle Classic, op it Hawaïaanske Maui.
Ynternasjonale útslaggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1996 Iepen Nasjonaal Bodybuilding Kampioenskip fan Gûam: 2e plak (lichtgewichtkategory)
- 1997 Marjo Selin's Muscle Classic: 1e plak (lichtgewichtkategory) en 2e plak (mingd dûbelkategory)
- 1997 Hawaïaansk Legerkampioenskip: 1e plak (lichtgewichtkategory) en "bêste poseur" (overall)
- 1999 Designer Body Muscle & Physique Steatskampioenskip: 1e plak (lichtgewichtkategory) en 1e plak (overall)
- 1999 Amerikaansk Iepen Frouljuskampioenskip Bodybuilding: 1e plak (overall)
- 1999 Paradise Cup: 3e plak (middelgewichtkategory)
- 2002 NPC USA Kampioenskippen: 16e plak (middelgewichtkategory)
- 2003 NPC USA Kampioenskippen: 8e plak (middelgewichtkategory)
- 2003 NPC Nasjonale Kampioenskippen: 10e plak (middelgewichtkategory)
- 2004 NPC USA Kampioenskippen: 2e plak (middelgewichtkategory)
- 2004 NPC Nasjonale Kampioenskippen: 7e plak (middelgewichtkategory)
- 2005 NPC USA Kampioenskippen: 12e plak (middelgewichtkategory)
- 2005 NPC Nasjonale Kampioenskippen: 6e plak (middelgewichtkategory)
- 2006 NPC USA Kampioenskippen: 6e plak (middelgewichtkategory)
- 2006 NPC Nasjonale Kampioenskippen: 11e plak (middelgewichtkategory)
Bova loek har werom út 'e wrâld fan 'e wedstryd-bodybuilding nei de Amerikaanske nasjonale wedstriden fan it NPC fan 2006.
Pornokarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2005, doe't se fjirtich jier wie, makke Bova har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn in tweintichtal pornofilms spile, û.m. foar de foaroansteande studio Adam & Eve. Ek hat se wol wurke foar de ûnbekendere labels CX Wow Productions, Iron Belles en AweFilms. It measte hat Bova lykwols yn 't spier west foar har eigen produksjemaatskippij YB Entertained (útspr. as why be entertained; YB stiet fansels foar Yvette Bova). Dat bedriuw rjochte se op yn 2002. Boppedat hat se in grut tal sênes makke foar har offisjele eigen webside ClubYvette.com.
Lichemsskaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bova is in dûnker kleure Afro-Amerikaanse. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 64 kg. Har boarsten hat se twaris fergrutsje litten, en har hjoeddeistige kupmaat wurdt werjûn as 38E of 40FF. Bova hat in piercing troch har lofterspien en in tatoeaazje fan in swarte panter op har rjochterskouder.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Yvette Bova
- (in) Biografy en filmografy fan Yvette Bova yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografy en filmografy fan Yvette Bova yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske ynformaasje en filmografy fan Yvette Bova yn 'e Adult Film Database
- (in) Biografyske gegevens fan Yvette Bova op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaansk soldaat
- Amerikaansk bodybuilder
- Amerikaansk model
- Fitnessmodel
- Amerikaansk neakenmodel
- Fetysjmodel
- Amerikaansk froulik pornoakteur
- Amerikaansk pornoprodusint
- Amerikaansk militêr fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk sporter fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk model fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk neakenmodel fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk froulik pornoakteur fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk produsint fan Afro-Amerikaansk komôf
- Persoan berne yn 1965