Springe nei ynhâld

Wytsturt

Ut Wikipedy
Adema 25437
bysûnderheden
oare namme(n) Wytsturt
soarte bist bolle (Frysk-Hollânsk)
berne 11 maart 1938
berteplak Warkum (Fryslân)
Nederlân
deagien july 1952
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
Nederlân
aktyf as fokbolle
reden
  bekendheid
legindarysk

Wytsturt, eins Adema 25437 (Warkum, 11 maart 1938Ljouwert, july 1952) wie in Frysk-Hollânske fokbolle, dy't al by syn libben in suver legindaryske status berikte.

Wytsturt waard yn maart 1938 smiten op 'e pleats fan boer Siebe Y. Haagsma yn Warkum. Hy hiet eins Adema 25437, nei syn ferneamde heit Adema 197, fan feehâlder S.A. Knol út Hartwert, mar by de berte foel daliks syn hielendal wite sturt op, dat ûnder de bynamme 'Wytsturt' rekke er bekend. Syn mem wie Haagsma syn ko Gryt 33. Haagsma naam him yn septimber 1938 mei nei Kokedei yn Warkum om him karre te litten.

Neitiid waard de bolle ynskreaun yn it Fries Rundvee Stamboek (FRS). Hy waard ferskate kearen ferkocht, en ferfear sadwaande fan Warkum nei bedriuwen fan A.T. Hettinga en S.R. Span yn Koarnjum, Talsma yn Hallum, De Boer yn Reduzum en úteinlik Kaastra yn Grou. Kenner Jan Pieter Dijkstra omskreau him yn 2018 yn 'e Ljouwerter Krante as in "noflike bolle", dy't maklik yn 'e omgong wie. Guon oare bollen "wiene libbensgefaarlik," neffens Dijkstra, "mar Wytsturt rûn los tusken de kij en wie neat net lilk." De bolle wie lykwols ien bonk spieren, en dat ymposante uterlik smiet him mar leafst 83 punten op by de feekeuring. Under syn bestean as stamboekbolle waard er trettjin kear bekroand.

Wytsturt brocht by stamboekkij treflike kealtsjes fuort, al liet er suver gjin soannen fan betsjutting nei. Ien boltsje, Julius 32069, brocht it ta stamboekbolle en waard ferkocht nei Sweden. Mar syn dochters wie allegear geweldige melkkij, mei romme, soepele jaren en goed ûntwikkele oeren. Se joegen in soad molke mei in boppegemiddeld fetgehalte (wat yn dy tiid noch in pluspunt wie). Yn 1947/1948 wie in molkopbringst fan trochinoar 3.285 kg mei 4,03% fet normaal, mar de dochters fan Wytsturt kamen yn trochsneed út op in opbringst fan 3.656 kg mei 4,18% fet. Dat alles levere Wytsturt by it libben it predikaat "preferint" op, wat mar komselden útjûn waard, en dan noch almeast postúm. Uteinlik waard in âlde, krebintinch wurden Wytsturt yn july 1952 foar de slacht ferkocht.

Op woansdei 26 septimber 2018, persiis tachtich jier nei't Wytsturt dêr as kealtsje foar de keuring kaam, waard op Kokedei yn Warkum in plakette foar him ûntbleate op 'e Merk, dêr't de keallekeuring holden waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: