Wytmaskeribis
wytmaskeribis | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Plegadis chihi | ||||||||||||
Vieillot, 1817 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
|
De wytmaskeribis of brilibis (Plegadis chihi) is in fûgelsoarte út it skaai brune glânsibissen (plegadis) fan 'e famylje fan 'e wylpreagerfûgels (Threskiornithidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is in ibissoarte mei lange poaten, in kromme snaffel mei in brún en irisearjend fearrekleed. Yn 'e briedtiid hat de wytmaskeribis in wite fearrestreek om 'e neakene hûd fan it gesicht fan 'e snaffel om 'e eagen, dy't de fûgel de namme jout.
Wytmaskeribissen lykje in soad op 'e glânsibis en hat in lingte fan 58 sm. De fûgel is foar it meast donker en hat brune en glânzgjende fearren. De sturt en de wjukken binne irisearjend fan kleur. De wytmaskeribis hat in reade iris (de glânsibis hat in brune iris). De hûd fan it gesicht is read (swarteftich by de glânsibis) en reade poaten (griiseftich by de glânsibis).
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wytmaskeribissen briede yn fochtige gebieten yn it west fan 'e Feriene Steaten, fral yn 'e Grutte Dobbe, en oerwinteret yn grutte kloften yn Meksiko, yn it west fan Louisiana en it easten fan Teksas. Fierder komt de fûgel it hiele jier troch yn Súdeast-Brazylje en Bolivia en Sintraal-Argentynje en Sily.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje fan 'e wymaskeribis wurdt op 1.200.000 fûgels rûsd. De IUCN klassifisearre de fûgel yn 2016 op 'e Reade list as net bedrige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Brillensichler (ferzje 25 april 2024)
|
- Fûgelsoarte
- Brune glânsibis
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Sily