Springe nei ynhâld

Brune glânsibissen

Ut Wikipedy
Brune glânsibissen
glânsibissen.
glânsibissen.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje:wylpreagerfûgels
   (Threskiornithidae)
skaaibrune glânsibissen (Plegadis)
Kaup, 1829

Brune glânsibissen (Plegadis) foarmje in fûgelskaai út de famylje fan 'e ibissen en leppelbekken (Threskiornithidae).

Der binne trije soarten brune glânsibissen bekend:[1]

OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFersprieding
Plegadis falcinellusglânsibisSúdeasten fan 'e Feriene Steaten, Karibysk Gebiet, lokaal yn Midden-Amearika en it noarden fan Súd-Amearika, grutte dielen fan Afrika, sintraal en súdeast Aazje, Austraalje, Yndoneezje, Filipinen, lokaal yn it suden en súdeasten fan Europa.
Plegadis ridgwayiPuna-ibisArgentynje, Bolivia, Perû, Sily.
Plegadis chihiwytmaskeribisFeriene Steaten, Argentynje, Bolivia, Brazylje, El Salvador, Gûatemala, Meksiko, Oerûguay, Paraguay, Sily.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: