Wynpark Fryslân
Wynpark Fryslân is in wynmûnepark dat boud wurdt yn yn it Fryske part fan de Iselmar. De bou fan it wynpark waard begjin 2019 mei útein set en sil yn 2021 klear wêze. De totale boukosten wurde rûsd op 850 miljoen euro.
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wynpark komt súdlik fan de Ofslútdyk oan de súdeastkant fan Breesândyk yn de gemeente Súdwest-Fryslân te lizzen op in ôfstân fan sa'n sân kilometer fan de Fryske kust. Fan de Ofslútdyk is de koartste ôfstân ta de wynturbines ûngefear 600 meter en op syn meast sa'n 7,7 km. De wynmûnen komme op goed 600 meter fan elkoar te stean.
Technyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It park sil bestean út 89 wynturbines mei in fermogen fan 4,3 megawatt (MW) it stik. De wynturbines hawwe in ashichte fan 109 meter, in tiphichte fan 174 meter en de diameter fan de rotorblêden is 130 meter. It totale produksjefermogen komt dêrmei op 382 MW, genôch om 400.000 húshâldings fan elektrisiteit te foarsjen. De stroom fan it wynpark komt oan lân by it transformatorstasjon op de Breesândyk. Dêrwei wurde kabels nei Boalsert oanlein, dêr't it oansletten wurdt op it Fryske heechspanningsnet fan TenneT.
De bouopdracht waard gund oan in kombinaasje fan baggelbedriuw Van Oord en Siemens Gamesa Renewable Energy (SGRE). Van Oord soarget foar it ûntwerp, de fabrikaazje en de ynstallaasje fan de fûneminten en de kabels fan it wynpark en leveret ek it materieel foor de ynstallaasje fan de turbines. SGRE is ferantwurdlik foar it ûntwerp, de fabrikaazje en it yn it wurk bringen fan de turbines en it tuskenstasjon op lân.
Foar de oanlis sil besuden de Ofslútdyk by Koarnwertersân in wurkeilân fan twa hektare oanlein wurde. Wannear't de bou klear is wurdt dat in natuergebiet.
Beswieren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn july 2018 hat de Ried fan Steat beswieren fan in oantal organisaasjes, ûnder oaren de Iselmarferiening en It Fryske Gea, ûnbegrûne ferklearre. De IJsselmeervereniging siet benammen yn noed oer de fersteuring fan de fûgeltrek en dat fûgels troch de wjukken rekke wurde kinne. It fuortbestean fan beskerme soarten, lykas de wytstirns en blaustirns yn it Iselmargebiet, wurdt dêrtroch bedrige. Neffens de Ried fan Steat binne der lykwols gjin grutte neidielige gefolgen foar de rekreaasjefeart en wurde de natuerlike skaaimerken fan it gebiet net oantaast troch it park.
Webstee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Wynmûneparken yn Fryslân | |
---|---|
Wynpark A7 | Wynpark Fryslân (yn oanbou) | Wynpark Nij Hiddum-Hou (yn ûntjouwing) |