Springe nei ynhâld

William Barret Travis

Ut Wikipedy
William Barret Travis
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút William Barret Travis
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 augustus 1809
berteplak yn Saluda County (Súd-Karolina)
stoarn 6 maart 1836
stjerplak San Antonio (Teksas)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18351836
yn tsjinst fan Republyk Teksas
legerûnderdiel lânmacht
heechste rang luitenant-kolonel
befel garnizoen fan de Alamo
konflikt(en) Teksaanske Unôfhinklikheids-
   oarloch
treffen(s) Slach om de Alamo
oar wurk abbekaat

William Barret Travis, ek wol bekend as William B. Travis of William Travis (yn Saluda County (Súd-Karolina), 1 augustus 1809San Antonio (Teksas), 6 maart 1836) wie in Amerikaansk ûnderwizer, abbekaat, sjoernalist en militêr fan Ingelsk etnysk komôf. Hy waard ferneamd as ien fan 'e oanfierders fan 'e Teksanen yn 'e Slach om de Alamo, tsjin 'e Meksikanen, as ûnderdiel fan 'e Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Op 6 maart 1636 kaam er dêr mei it hiele Teksaanske garnizoen om it libben doe't de Meksikanen de fêsting ynnamen. Syn heldhaftich stânhâlden oant de dea hat him ta ien fan 'e folkshelden fan Teksas makke.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Travis waard wierskynlik op 1 augustus (al is dat net folslein wis) 1809 berne op it plattelân fan Saluda County, yn 'e steat Súd-Karolina, as de soan fan Mark Travis en dy syn frou Jemima. Hy stamme ôf fan William Travis (of Travers), ien fan 'e earste quakers dy't har yn 'e Karolina's nei wenjen setten, en waans famylje oarspronklik út it Ingelske Lancashire kaam, en Sarah West, de dochter fan ien fan 'e stifters fan 'e koloanjes Rhode Island en Nij-Jersey. Doe't Travis njoggen jier wie, ferfear it gesin op oanstean fan syn omke Alexander Travis, in foaroansteand baptistysk predikant, nei Conecuh County, yn Alabama. Dêr krige Travis it grutste part fan syn ûnderrjocht, wêrnei't er him ynskriuwe liet op in skoalle yn Claiborne.

Yn Claiborne brocht Travis it ta helpûnderwizer, mar hy learde troch oant er abbekaat wurde koe. Yn 1828, doe't er njoggentjin jier wie, troude er mei ien fan syn eardere learlingen, de sechstjinjierrige Rosanna Cato (1812-1848). Hja wennen te Claiborne en krigen in soan, Charles Edward (1829) en in dochter, Susan Isabella (1831). (Hoewol't deroan twifele wurdt oft Susan wol Travis syn biologyske dochter wie, erkende er har yn syn testamint yn elts gefal wol as sadanich.) Yn 1829 rjochte Travis in krante op, de Claiborne Herald, en ek waard er frijmitselder en joech er him by de milysje fan Alabama.

Travis syn houlik rûn lykwols al gau op 'e non, en begjin 1831 pykte er út om op 'e nij te begjinnen yn Teksas, dat doedestiden noch in provinsje fan Meksiko wie. Yn Teksas kocht Travis lân oan fan Stephen F. Austin, wêrnei't er in abbekatepraktyk begûn yn Anahuac. Dêr wied er oant kop en earen belutsen by de saneamde Opskuor fan Anahuac, in rige gearkomsten fan protestearjende Teksanen tsjin it almar autoritêrdere Meksikaanske bewâld yn 'e provinsje, dy't laten ta in stikmannich opstjitsjes en gewelddiedige konfrontaasjes foarôfgeande oan it útbrekken fan 'e eigentlike oarloch.

De Alamo.

Rebûlje yn súdliker dielen fan Meksiko setten presidint Antonio López de Santa Anna der om dyselde tiid hinne ta oan om hurd fanwegen te kommen tsjin eltse foarm fan opstannigens. De steat fan belis waard yn it hiele lân útroppen, en de deastraf waard beoardere foar in elk dy't him iepentlik tsjin it Meksikaanske regear kearde. Yn Teksas, mei syn grutte befolkingsgroep fan Amerikaansk komôf, wie soks krekt oalje op it fjoer. De Amerikanen yn Teksas, dy't kwa leauwe, taal en kultuer frijwol neat gemien hiene mei Meksiko, mar nammenste mear mei de Feriene Steaten, wiene it Meksikaanske regear stadichoan as in útlânske oerhearsking begûn te beskôgjen. De Teksaanske Meksikanen, de saneamde Tejanos, dy't yn Meksiko eins neat yn 'e molke te krommeljen hiene om't se yn Teksas alhiel oan it fuottenein sieten, stiene yn dizze saak oer it algemien oan 'e kant fan 'e Amerikanen.

Dat doe't Santa Anna besocht om hurdhannich in ein oan it trelit te meitsjen, ferienen de Teksanen har yn wapene milysjes, dy't de arsenalen yn 'e steat yn beslach namen. De Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch briek yn oktober 1835 út doe't de Teksaanske milysjes yn 'e Slach by Gonzales koarte metten makken mei in lytse ôfdieling Meksikaanske troepen. Net lang dêrnei foel San Antonio yn Teksaanske hannen, wêrby't it Meksikaanske garnizoen ferdreaun waard út 'e fersterke missypost dy't bekendstie as de Alamo.

Tinkstien foar William Barret Travis by de Alamo.

Op 19 desimber waard Travis oansteld as kavalery-ofsier yn it nijfoarme reguliere Teksaanske leger, mei de rang fan luitenant-kolonel. Hoewol't it de bedoeling wie dat der 384 man ûnder him tsjinje soene, moast Travis dy allegear eigenhandich rekrutearje. Dat foel noch net ta, mei't de measte leden fan 'e pleatslike milysjes der neat foar fielden om har ûnder militêre tucht en it gesach fan ofsieren pleatsen. Hoewol't er doe noch mar achttjin man byinoar skrabe hie, krige Travis al rillegau de opdracht om him mei syn kompanjy reguliere soldaten nei de Alamo te bejaan, om it garnizoen dêre, dat bestie út milysjeleden, te fersterkjen.

Travis kaam op 3 febrewaris 1836 mei syn mannen yn San Antonio oan. Op 12 febrewaris, doe't de kommandant fan it garnizoen, kolonel James C. Neill, nei hûs moast om foar syn sike gesin te soargjen, krige Travis it befel oer de Teksaanske legertroepen yn San Antonio. De milysjeleden, dy't folle grutter yn getal wiene, stiene ûnder befel fan James Bowie (1795-1836), in ferneamd frontiersman, soldaat en duëllist. Ek in oare ferneamde pionier, de Tennesseeër Davy Crockett, hie him by de milysje jûn. Yn totaal telde it garnizoen fan 'e Alamo minder as 200 man. Underwilens teach it Meksikaanske leger, ûnder Santa Anna sels, út it suden wei op, en op 22 febrewaris sloech dat belis foar de Alamo.

Hoewol't de Teksanen ferskate kearen Meksikaanske oanfallen ôfsloegen, wie de oermacht ûnbidich. Nei in belegering fan trettjin dagen joech Santa Anna op 6 maart 1836 by moarnsdage it befel om ta in bestoarming oer te gean. De Meksikanen krongen mei ljedders oer de muorren fan 'e Alamo, wêrnei't der yn 'e fêsting fûleindige gefjochten útbrieken. In goed healoere letter wiene de ferdigeners der ûnderstrûpt troch de nûmerike mearderheid fan 'e Meksikanen. Bowie, Crockett en Travis wiene doe allegear al dea. Wa't fan 'e Teksanen de fijân libben yn 'e hannen foel, waard stânrjochtlik eksekutearre. Sadwaande wiene der oan 'e Teksaanske kant gjin oerlibbenen. Doe't Santa Anna nei ôfrin fan 'e slach de alcalde fan San Antonio, in Francisco A. Ruiz, by him roppe liet om 'e lieders fan 'e opstannelingen oan te wizen, identifisearre dy it stoflik omskot fan Travis op 'e noardmuorre, hingjend oer in kanon hinne. Nei't it skynde wied er ier yn 'e striid troch in kûgel yn 'e holle rekke. Santa Anna joech befel om 'e lichems fan 'e Teksanen op in grutte brânsteapel te ferbaarnen.

Tinkteken foar de ferdigeners fan 'e Alamo, mei foaroan Travis en Davy Crockett.

In grut diel fan 'e rom fan William Barret Travis, dy't 26 jier wie doe't er sneuvele, is te tankjen oan in ferneamd brief dat er op 24 febrewaris 1836 út 'e Alamo wei skreau oan "it folk fan Teksas en alle Amerikanen yn 'e wrâld". It is in rop om help en tagelyk in oprop om 'e striid net op te jaan. In bekend sitaat is: I shall never surrender or retreat. ("Ik sil my nea oerjaan of weromwike.") Hy ûndertekene it berjocht mei de wurden Victory or Death ("Oerwinning of Dea"). Dit brief wie nei de ûndergong fan 'e Alamo en syn garnizoen fan trochslachjaand belang om 'e Teksanen te motivearjen en set de striid fuort. Dêrnjonken holp it ek tige by tige om yn 'e Feriene Steaten stipe te krijen foar de Teksaanske saak.

Yn jannewaris 1836 waard it houlik tusken Travis en Rosanna Cato formeel ûntbûn. Op 14 febrewaris wertroude hja te Monroeville mei in Samuel G. Cloud, mar yn 1848 kamen se allebeide om by in útbraak fan 'e giele koarts. Travis syn soan Charles Edward ferfear dêrop nei Teksas, dêr't er yn 1853 as soan fan in oarlochsheld in sit yn it steatsparlemint bemachtige. Yn 1855 naam er tsjinst yn it Amerikaanske Leger as kaptein by de kavalery, mar yn maaie 1856 waard er ûnearfol ûntslein fanwegen beskuldigings fan falskspyljen by in kaartspul. Doe't in berop dêrtsjin neat úthelle, learde er foar abbekaat, wêrnei't er yn 1859 in eigen praktyk opsette. Minder as in jier letter, yn 1860, stoar er lykwol oan tuberkuloaze. Syn suster Susan Isabella, dy't al of net in biologysk bern fan Travis wie, troude yn 1850 mei yn plantaazje-eigner út Chapell Hill, mei wa't se ien dochter krige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, References en Further reading, op dizze side.