Willem Hendrik van Heemstra (1696-1775)
Willem Hendrik van Heemstra (1696-1775) | ||
politikus | ||
Portret fan Willem Hendrik van Heemstra, taskreaun oan Bernardus Accama. | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 20 juny 1696 | |
berteplak | Dronryp | |
stjerdatum | 18 septimber 1775 | |
stjerplak | Feankleaster | |
dynasty | Van Heemstra | |
etnisiteit | Frysk | |
Grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân | ||
amtsperioade | 1743-1775 | |
Folmacht op de lânsdei | ||
amtsperioade | 1743-1775 | |
Kommittearre fan de Admiraliteit fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1743- | |
Lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1751-1756 | |
Kommittearre fan de Admiraliteit fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1756-1757 | |
Lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1770-1773 |
Willem Hendrik fan Heemstra (Dronryp, 20 juny 1696 - Feankleaster, 18 septimber 1775) wie in Nederlânske bestjoerder fan Frysk komôf.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Heemstra wie in soan fan Schelto fan Heemstra en Catharina van Scheltinga (1666-1724). Syn heit wie kapitein fan de ynfantery en fan 1702 ôf wie er ûnderwizer fan Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz. Letter waard er boargemaster fan Boalsert.[1] Willem Hendrik waard berne op de Dotingastate te Dronryp, dêr't er doopt waard op 21 juny 1696. Hy wie peetbern fan Willem III fan Oranje.[2] Willem Hendrik wie lid fan de aadlike famylje Van Heemstra.
Hy studearre oan de universiteit fan Frjentsjer en folge syn heit al yn 1713 op as postmaster-generaal.[3] Hy waard yn dy funksje opfolge troch Watze fan Glinstra, in neef fan syn frou.[4] Tegearre mei Cornelis fan Scheltinga dong Van Heemstra nei it grytmanskip fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Cornelis wie troud mei in nicht fan Willem Hendrik. Twa soannen fan Willem Hendrik trouden mei dochters fan Cornelis. Hoewol't der wat ferset wie tsjin syn beneaming, waard Fan Heemstra op 1 febrewaris 1743 yn dit amt befêstige. Hy waard opfolge troch Martinus fan Scheltinga, in soan fan Cornelis fan Scheltinga.[5]
Fan Heemstra wie njonken grytman ek Folmacht op de Lânsdei út namme fan Kollumerlân en Nijkrúslân fan 1743 oant syn ferstjerren yn 1775. [6][7]Fierder wie Fan Heemstra ûnder mear kommittearre fan de Admiraliteit fan Fryslân en lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân.[8]
Fia syn skoanfamylje kaam Fan Heemstra yn it besit fan de Fogelsanghstate yn Feankleaster.[9]
-
De Fogelsanghstate yn Feankleaster dêr't Fan Heemstra oant syn ferstjerren wenje soe.
Houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Heemstra troude yn 1726 te Burgum mei Wija Catharina fan Glinstra (1703-1762), dochter fan Vincentius fan Glinstra en Aurelia Catharina fan Scheltinga. It pear krige de folgjende bern:
- Feye Jan fan Heemstra (1727-1757), militêr.
- Vincentius fan Heemstra (1730-1730), jong ferstoarn.
- Catharina Maria fan Heemstra (1732-1804), troude mei Maurits Pico Diederik fan Sytzama, kommissaris-generaal fan finânsjes.
- Vincentius fan Heemstra (1734-1734), jong ferstoarn
- Vincentius fan Heemstra (1736-1755).
- Schelte fan Heemstra (1738-1803), troude mei Wiskje fan Scheltinga. Hy wie orangist en moast dêrom uitwijken naar Emden.
- Hector Livius fan Heemstra (1740-1783), troude mei Lucia Catharina fan Scheltinga. Hy erve de Fogelsanghstate.
-
It rouboerd foar Wija Catharina fan Glinstra yn de tsjerke fan Aldwâld.
-
It rouboerd foar Vincentius fan Heemstra yn de tsjerke fan Aldwâld.
-
It rouboerd foar Hector Livius fan Heemstra yn de tsjerke fan Aldwâld.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|