Dotingastate (Dronryp)
Dotingastate ek Grut-Dotinga of It Readhûs, wie in state noard fan Dronryp, gemeente Menameradiel. Op it plak fan de state stiet yn 2010 in pleats.
Foar safier bekend is de state yn de 15e iuw boud. Yn 1529 wie Aelcke fan Hermana, widdo fan Lolle Heres fan Ockinga eigenaresse fan dit hûs, dat se grif fan har heit Hobbe Taeckes fan Hermana urven hie. Hja hie mei har earste man Lolle fan Ockinga op Fetzastate wenne. Lolle fan Ockinga stoar yn 1520 en waard begroeven yn de tsjerke fan Dronryp. Yn 1529 liet har twadde man Salvius fan Foppinga it swannerjocht registrearje fan it troch harren bewenne Foppingastate en ek dat fan Dotingastate wêrfan hy ferklearre dat it eigendom wie fan syn frou.
Neffens E.M. fan Burmania fermakke Wytze fan Cammingha yn febrewaris 1606 by testamint "Grut Dotinga" oan syn neef Frâns, soan út it earste houlik fan syn ferstoarne broer Sybrand mei Catharina fan Donia. Mocht neef Frans sûnder bern ferstjerre dan moast it guod oergean nei neef Jarich, soan út it twadde houlik fan Sybrand mei Margaritha fan Botnia. Wytze wie net troud en foar safier bekend is hy roomsk-katolyk bleaun. Om 1609 is hy yn Dútslân ferstoarn.
Letter yn de 17e iuw wie Dotingastate de "royale bûtenwenning" fan Sicco fan Groustins, riedshear oan it Hof fan Fryslân en yn 1700 is it neffens it Floreenkohier eigendom fan jonkfrou Jetske Mari fan Groustins en yn gebrûk by "hr. Heemstra c.s." Dat wie Schelte fan Heemstra. Yn 1722 is it eigendom fan sekretaris De Hertoghe dy't lykwols op it neistlizzende Schatzenburg wenne, dat hysels yn 1698 nei syn eigen smaak bouwe litten hie.
De state bestie yn 1718 noch yn syn folle gloarje. Neffens Van Burmania soe it sloopt wêze yn 1742. De "Tegenwoordige Staat" fermeldet lykwols: Groot Dotinga, in de wandeling ’t Roodhuis genoemd, was nog onlangs, hoewel zeer vervallen, in weezen; doch is thans, even als de voorgaande Staten" (dat binne Foppinga, Hommema en Fetza) "meer niet dan eene boereplaats.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- oant 1529 Hobbe Taeckes fan Hermana
- 1529 Aelcke fan Hermana
- oant 1609 Wytze fan Cammingha
- sûnt 1609 Frans fan Cammingha
- 17e iuw Sicco fan Grovestins
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |