Springe nei ynhâld

Willem Bartel van der Kooi

Ut Wikipedy
Willem Bartel van der Kooi
keunstner
Willem Bartel Van der Kooi, selsportret
Willem Bartel Van der Kooi, selsportret
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 13 maaie 1768
berteplak Stynsgea
stoarn 14 july 1836 (68 jier)
stjerplak Ljouwert
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
wurksum as skilder, lektor
bekendste
  wurk(en)
Portret fan Eise Eisinga

Willem Bartel van der Kooi (Stynsgea, 13 maaie 1768 - Ljouwert, 14 july 1836) wie in keunstskilder.

Willem syn âlden lieten him it tekenjen leare by Wessel Pieters te Bûtenpost en stjoerden him mei 12 jier nei Ljouwert as learling by de behangselskilder Frans Swart, by wa't er lykwols mar in jier bleau. Doe kaam er troch bemiddeling fan Jr. Ulbo van Burmania, grytman fan Ljouwerteradiel, by de amateurskilder Johannes Verrier, sollisiteur militêr te Ljouwert. Under syn lieding lei er him trije jier ta op it tekenjen. Letter oefene er mei syn freonen D.J. Ploegsma en J.V. Nicolay yn it skilderjen mei oaljeferve, ek by Verrier, en neifolgjend krige er fan skilder H.W. Beekkerk ûnderrjocht yn it lânskipsskilderjen, dat er letter lykwols net folle dien hat.

De politike omkearing fan 1795 makke dat er it skilderjen oerjoech. Hy waard beneamd ta represintant fan it Fryske folk en ta sekretaris fan de gritenij Achtkarspelen. Waard yn 1798 lektor tekenkeunst oan de Universiteit fan Frjentsjer, wat er bleau oant de universiteit yn 1808 sletten waard. Hy boaske mei Jetske Haijes yn har bertedoarp Burgum op 21 april 1805. Se krije twa bern: Binne (* 1806) en Haije (* 1807). Yn 1813 sette er him ta wenjen yn Ljouwert, dêr't er in soad learlingen oplaat hat, sa as T. Eernstman, C. Wester, A.G. Swart, D. Hansma, J. de Jong, J.H. Heijmans, J.J.G. van Wicheren, S. Bonga, G. Fellinga, C.B. Buijs, W. de Haan, Otto de Boer, Gosling Posthumus, Servaas de Jong, Tjeerd Andringa, Wilhelmina Geertruida van Idsinga.

Van der Kooi skildere in grut tal portretten, ûnder oaren in portret fan Eise Eisinga. Yn it Frysk Museum hinget wurk fan him, bg. it skilderij "It Minnebrief".

  • Nekrology troch Wopke Eekhoff, yn Ljouwerter Krante, 26-7-1836.
  • G.A. Wumkes, lemma yn Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek III (Leien 1914) 713-714.
  • F.G.L.O. van Kretschmar, 'Een Haagse freule en haar Friese portretschilder of Hoe van het een het ander kwam', yn Jierboek fan it Centraal Bureau voor Genealogie 25 (1971) 80-100.
  • C. Boschma, Willem Bartel van der Kooi (1768-1836) en het tekenonderwijs in Friesland (Ljouwert, 1978).
  • C. Boschma, Van der Kooi en het Koninklijk Huis, yn De Vrije Fries 22 (1982) 32-33.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Van der Aa, Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek (NNBW), tredde diel.