Harmen Beekkerk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Harmen Wouter Beekkerk - Ynterieur mei in boerefamylje om de hurd

Harmen Wouter Beekkerk (Ljouwert, 18 novimber 1756 - dêre, 3 juny 1796) wie in Frysk keunstskilder.

Hy krige ûnderrjocht fan Johannes van Dregt yn Amsterdam fan 1774 oant 1776.[1] Carel Jacob van Baar van Slangenburgh, Petrus Groenia, Willem Bartel van der Kooi en Aldert Jacobs van der Poort wiene syn learlingen. Fan 1777 oant 1796 wenne en wurke er yn Ljouwert.[2]

Harmen Wouter Beekkerk - Lânskip mei in ruïne

Beekkerk skildere meast behangsels, portretten, histoarjestikken, allegoryen, en somtiids in lânskip. Wurk fan him hinget yn de fertrekkeamer fan it Ljouwerter stedhûs en yn it Frysk Museum.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jierboek Gen. Wurkferbân (1946) side 36-43
  • Catalogus 100 Jier Fryske Skilderkeunst
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Beekkerk, Harmen Wouter.
  1. Scheen 1981
  2. Beekkerk by it RKD